Abraham Bloemaert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 18 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q329811
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
Bloemaert hie goede kontakten yn it yntellektuele fermidden. De Utertse âldhedenkenner [[Aernout van Buchel]] wie er befreone mei. Bloemaerts studio waard yn [[1626]] besocht troch [[Elizabeth Stuart]], de eardere keninginne fan [[Bohemen]], en it takom jier troch [[Peter Paul Rubens|Rubens]].
 
Bloemaert moat in bejeftige learaar west hawwe, want syn fjouwer soannen (wêr't [[Adriaen Bloemaert]] ûnder wie) waarden skilder, en hy hat noch in grut tal oaren oplaat. Om't in protte fan syn pupillen ferneamd wurden binne, wurdt Bloemaert wol de heit fan de 17e-ieuskeiuwske [[Utertske Skoalle (skilderkeunst)|Utertske skilderskoalle]] neamd. Bloemaert leit begroeven yn de [[Katarijnetsjerke (Utert)|Katarijnestjerke]] yn Utert.
[[Ofbyld:Abraham Bloemaert 003.jpg|right|thumb|250px|''Herderinne'', oaljeferve op doek, 104 × 84 cm, Staatliche Kunsthalle Karlsruhe]]
 
Rigel 22:
Yn't earstoan skildere er foaral yn in maniëristyske styl, besibbe oan dy fan [[Cornelis van Haarlem]] en [[Joachim Wtewael]]. Syn lânskippen wiene lykwols altyd mear op de Flaamske tradysje inte. Fan [[1600]] ôf komt der in myld klassisisme yn it wurk, te fergelykjen mei dat fan [[Hendrick Goltzius]] yn Haarlim. Fia syn learlingen dy't yn Itaalje west hiene krige er kennis fan it [[clair-obscur]] fan [[Caravaggio (skilder)|Caravaggio]]. Nei in koarte caravaggistyske perioade yn de iere jierren [[1620]] waard syn styl glêder en lykmjittiger, sadat syn letter wurk rekkene wurdt ta it [[klassisisme]], al wist er syn swierich penseel nea hielendal del te bêdzjen.
 
Bloemaerts wurk rekke rûnom ferspraat, en syn tekeningen tsjinnen oant yn de 19e ieuiuw as stúdzjemateriaal.
 
== Bekende learlingen ==