Boekweet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 13:
 
== Ferbou ==
Boekweet is in plantesoarte dat sûnt de [[15e ieuiuw]] ferboud wurdt op de Fryske sângrûnen en soks barde sûnder dongjen. Sadwaande wie it in útkomst foar earme boeren, der wie ommers gjin fee of kaptaal nedich. It lân rekke ek net útrûpele. Boekweet freget in djip losmakke boufuorge, de pinwoartel krijt sa makliker de kâns om te groeien. Djip ploegjen freget in sôad lûkkrêft. De spreuk "boekweet wurdt ferboud op hynsteswit" hat hjiryn har oarsprong. Boekweetlân op sângrûn waard faak twa kear ploege. Ein febrewaris of begjin maart waard djip ploege, en by of foar it siedzjen (nei de [[Swartehagekjeld]]) barde dat nochris, mar dan tige ûndjip. Boekweetbou ferge in soad skoffeljen en wjudzjen. It waard breedwerpich of yn rigen op in ôfstân fan 30 sm siedde en 3 sm djip. Troch de flugge groei is it in goede boaiembedekker, mar men hie wol in soad lêst fan it ûntúch hoannepoat. It nôt wie tear en de rispinge mislearre geregeld troch kerbûstich waar of nachtfroast. Letter fergoeden de hege strieprizen it risiko wat. Nei 1700 wie de boekweet foar de [[Drachten|Drachtster]] en [[De Gordyk|de Gordykster]] nôtkeaplju it belangrykste produkt. Op de net-ôfgroeven heechfeangebieten waard ek boekweet ferboud (fean-boekweet) neidat de heide der ôfbaarnd wie. Dit feanbaarnen joech in soad reek ûntwikkeling, wêroer de klachten sels út Hollân wei kamen. (oer it brânen yn it Drintske fean).
 
== Sân en feangebieten ==
Rigel 19:
 
== Komôf ==
Boekweet is in kultuergewaaks dat nei alle gedachten út in gebiet grinzjend oan [[Mantsjoerije]], [[Mongoalje]] of [[Tibet]] komt. Boekweet waard neffens guon gelearden fia de [[siderûte]] troch de [[Mongoalen]] oan de ein fan de MidsieuwenMidsiuwen nei East-Europa brocht en letter fan dêrút nei Midden- en West-Europa. Ut stomoalûndersyk hat lykwols ek bliken dien dat boekweet al foar it begjin fan de jiertelling yn Nederlân foarkaam.
 
Argyfûndersyk leart dat al sûnt 1390 in snelle yntroduksje fan boekweit wie yn de Nederlannen. De sintra hjirfan binne de Kempen en de Iselfallei. Taalkundige gegevens dogge fermoeden dat de boekweet lâns trije siden West-Europa binnenkaam: in noardlike rûte, mooglik fia de [[Hânze]], mei as nammetype boekweet, in eastlike hannelswei mei nammetype 'Heidenkorn' of 'Pohanka', en in súdlike rûte mei as nammetype 'Saraseensk' of 'Moarsk nôt'.