Dokkumersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
| ISO 639-3 =
}}
It '''Dokkumersk''' (Dokkumersk: ''Dòkkumers'') is in [[dialekt]] fan it [[Stedsk]] dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e [[stêd]] [[Dokkum]], it haadplak fan 'e gemeente [[Dongeradiel]]. Dizze taalfoarm ûntstie yn 'e rin fan 'e [[16e ieuiuw|sechstjinde]] en [[santjinde ieuiuw]], en is in [[Hollânsk]] dialekt mei sterke [[Frysk]]e ynfloeden. It hat in protte wei fan 'e Stedske dialekten dy't yn oare Fryske stêden sprutsen wurde. Der binne soargen oer it fuortbestean fan it Dokkumersk, no't de measte stedsjers tsjintwurdich de bern [[Nederlânsk]]talich grutbringe.
 
==Skiednis==
It Dokkumersk is ûntstien yn 'e rin fan 'e [[sechstjinde ieuiuw]] en it begjin fan 'e [[santjinde ieuiuw]], safolle is wol bekend, mar hoe't dat krekt yn syn wurk gien is, dat is net alhiel dúdlik. Neffens de tradysjonele teory binne it Dokkumersk en de oare Stedske dialekten ûntstien doe't hartoch [[Albrecht fan Saksen]] yn [[1498]] yn [[Fryslân]] de macht grypte en foar syn regear in grut tal útlânske amtners oanloek, benammentlik út [[Hollân]] wei. Dy amtners setten har nei wenjen yn 'e Fryske stêden en brochten dêr sa harren eigen taal, it [[Hollânsk]], dat him troch de ynfloed fan it [[Frysk]] meitiid ta it Stedsk ûntjûn hawwe soe. In oare teory wol hawwe dat it Stedsk net de taal fan ymport út Hollân wie, mar fan 'e Fryske boargerij yn 'e stêden, dy't dy taal fan 'e bestjoerlike elite oernaam. [[Taalkundige]]n [[Reitze Jonkman]] en [[Arjen Versloot]] binne fan betinken dat de Stedske dialekten net troch amtners, mar troch keaplju yn Fryslân brocht binne. It is lykwols frijwol ûndwaanlik om no noch út te meitsjen hoe't it doedestiden echt om en ta gien is, mei't der gjin skreaune boarnen út 'e begjintiid fan it Dokkumersk oerlevere binne.
[[File:Lânkaart lokaasje Dokkumersk.PNG|left|thumb|250px|De lokaasje fan it Dokkumersk yn 'e provinsje [[Fryslân]].]]
 
Oant djip yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] wie it Dokkumersk yn Dokkum de taal fan 'e begoedige boargerij, en hie it in folle hegere maatskiplike status as it Frysk. Pas tsjin it begjin fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] begûn men it te sjen as in breklike fariant fan it [[Standertnederlânsk]]. Doe ferwaard it ta it dialekt fan 'e legere sosjale fermiddens, wylst de stedselite oergie op it [[Nederlânsk]]. Ek it Frysk krige fan dy tiid ôf wer in hegere status as it Stedsk, dat lju dy't yn 'e tweintichste ieuiuw fan it omlizzende plattelân nei Dokkum ta ferfearen, giene yn 'e stêd faak troch mei Frysk te praten, of oars namen se it Nederlânsk oer. Yn earder tiden pasten sokken har yn 'e stêd ornaris oan 'e dêr besteande taalsitewaasje oan en begûnen se Dokkumersk te praten.
 
==Taaleigenskippen==