Hans Falck fan Neurenberch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
== Libben en wurk ==
=== De Bosk ===
Falck wurke yn de jierren 10 fan de 17e ieuiuw yn [[De Bosk]] en hat doe in soad liedklokken foar tsjerken yn Midden- en Súd-Nederlân makke. Yn Grinslân hat er yn dy jierren de tsjerken fan [[Gryptsjerk]] (1613) en [[Breede]] (1615) fan klokken foarsjoen.
 
=== Yn Fryslân ===
Hy wurke yn Ljouwert fan ±[[1616]] (dan wurdt er neamd by ûnderhannelings mei in Ljouwerter oer it jitten fan in klok) oant ± [[1634]]. Wis is dat er yn 1619 boarger fan Ljouwert wurden is. Falck hie syn jitterij yn de âlde tsjerke fan [[Nijehou]] foar de Jakobiner Tsjerke oer. Nei syn ferfarren nei [[Moskou]], [[1634]]/[[1635]] wurdt it bedriuw oernommen troch syn learling [[Jacob Noteman]]. Noteman miende letter te witten dat Falck yn 1645 noch yn libben wie.
 
Falck hat foar ferskate tsjerken yn 17e ieuskiuwsk Fryslân (en dêr bûten) klokken makke, bygelyks de grutte klok fan de [[Aldehou (toer)|Aldehou]] (6000kg, 1633) yn Ljouwert en de tsjerken fan [[Achlum]], [[Bûtenpost]], [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[Frjentsjer]], [[Dronryp]] (1632), [[Fiskflyt|Visvliet]] (1630), [[Eanjum]] en [[Surhuzum]] hawwe syn klokken.
 
=== Yn Ruslân ===
Yn Ruslân wie er bekend as '''Ivan Falk''' of '''Johann Falk'''. Hy kaam yn 1634/1635 yn tsjinst fan tsaar [[Michail Fjodorovitsj Romanov]] (tsaar fan 1613 - [[13 july]] [[1645]]). Hans Falck wurdt lykwols it earst yn histoaryske dokuminten neamd yn 1627(!) as ambachtsman by de Moskouske Kanonne Wurkpleats. Fan dat jier ôf oant de lette 50er jierren fan de 17e ieuiuw, wurdt er beskôge as de wichtichste klok- en kanonnemakker út Moskou. Falck hie in offisjeel salaris en krige dêrneist ien kear yn't jier in ‘jefte fan de tsaar’. Hy krige in stiennen wurkpleats wylst de oare metaaljitters it mei in houtenien dwaan moasten. Hans Falk wenne by de hûshâlding fan ''Knjaz'' (prins) Michail Kozlovsky yn de Rozhdestvenskaja Strjitte. Yn april 1641 die er it fersyk oan de tsaar, at dy him net fan in eigen hûshâlding foarsjen koe. Dat soe rillegau barre.
 
De Dútske gelearde en diplomaat [[Adam Olearius]], dy’t yn 1634/1635 troch Ruslân reizge, neamt Falkck yn syn boek ''Beschreibung der muscowitischen und persischen Reise''. Hy seit dat Falck in tige betûft ambachtsman wie út Neurenberch dy’t de Russen leard hat om kanonnen te jitten. Adam Olearius seit ek dat Falck by steat wie en fabrisearje kanonnen dy’t mei 25 pûn buskrût 26 pûn izer ôfsjitte koene. Neffens Olearius wie er dêrtroch yn Hollân al ferneamd wurden.
Rigel 29:
It is ek witten dat Falck de saneamde ''Yunak'' [[heakbus]] makke hat.
 
It is net dúdlik hoe’t Hans Falck’s libben nei it einigjen fan syn tsjinstferbân by de Moskouske Kanonne Wurkpleats ferrûn is. Faaks is er werom gien nei syn heitelân, of hy kin stoarn wêze oan de pest dy’t yn de 50er jierren in soad slachtoffers easke hat yn Moskou. Yn alle gefallen hat syn wurk fan grutte ynfloed west op de Russyske metaaljitterij yn de twadde helte fan de 17e ieuiuw. Histoaryske dokuminten neame fjouwer learfeinten fan Falck: Stepan Orefyev, Timofei Timofejev Utinkov, Ivan Timofeyev Reztsov, Ivan Ivanov. Yn it wurk fan ferneamde jitters Jemeljan Danilov, Alexander Grigorjev, en de famylje [[Motorin (klokkejitters)|Motorin]] kin men de jitmetoades fan Falck werom fine.
 
{{DEFAULTSORT:Falck fan Neurenberch, Hans}}