Kmer (folk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
De '''Kmer''' is in folk yn [[Súd-Aazje]] mei nei skatting in oantal fan 14 miljoen minsken. De mearderheid fan de Kmer libbet yn [[Kambodja]] dêr't sy ûngefear 90% fan de totale befolking foarmje. Yn [[Fietnam]] foarmje sy mei om-ende-by in miljoen in minderheid. Harren taal, it [[Kmer (taal)|Kmer]] heart ta de grutte Mon-Kmer-talen. Goed 85% fan de Kmer libbet op it plattelân dêr't de ekonomy foar in grut diel basearre is op de ferbou fan [[rys]], grienten en fruit. De fiskerij is ek fan belang.
 
De taal en kultuer fan de Kmer hawwe yn de earste 6 ieuweniuwen foar in grut part beynfloede west troch de [[Ynjers]] en wikt dêrtroch hiel bot ôf fan de oare folken yn [[Yndosina]]. De Kmers hawwe oer it generaal in donkerder hûdskleur as de omhinne wenjende folken, en harren eagen binne rûner. It berchfolk fan de [[Mon (folk)|Mon]] dy't yn it westen fan [[Tailân]] libbet as Rysboeren en fiskers binne nau oan de Kmer besibbe. Yn it suden fan [[Laos]], it noardeasten fan Kambodja en sintraal Fietnam libje talrike minderheden dy't oant it [[Kmer (taal)|Kmer]] besibbe talen sprekke.
 
De Kmer hingje foar it grutse part it Yndiaaske Teravada-Boedisme oan dat in protte ynfloed útoefenet op de kultuer en it deistige libben fan de minsken. Eartiids wie it in gewoante dat eltse man as [[muonts]] in koarten tiid it [[kleaster]] yn gie.