Kommodus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
 
=== Komplot ===
Neffens de skiedskriuwers fan de tredde en fjirde ieuiuw [[Kassius Dio]], [[Herodianus]] en de anonime skriuwer fan de [[Historia Augusta]] soe de nije keizer net deselde kwaliteiten hawwe as syn heit. Ek soe er in protte fijannen makke hawwe troch minne kornútsjepolityk en ferkearde adviseurs. Syn suster [[Lusilla]] en syn frou [[Bruttia Krispina|Krispina]], dy't earst net mei-inoar koenen, lieden it spul by en rekken yn [[183]] belutsen by in komplot fan in kloft senatoaren om Kommodus út de wei te romjen. De saak lekte út en Lusilla waard ferbanne en eksekutearre. Yn datselde jier beskuldige de keizer syn frou Krispina fan [[troubrek]] en lit har ombringe. Neffens de Romeinske boarne soe dizze beskuldiging fan in man komme dy't sels sa troubrekkend wie dat ferhalen rûn gienen dat er in harem hie fan 300 froulju en likefolle manlju derop nei hâlde.
 
It bewâld fan Kommodus soe it keizerryk teistere hawwe en oeral brutsen protesten út, ek yn it leger. Ferskate moardoanslaggen waarden op him plige dy't allegear mislearren. De korrupsje feroarsake sels in hongersneed en brocht Rome op de râne fan in boargerkriich. Boppedat bruts in [[pest (sykte)|pestepidemy]] út dy't him oer hiel Itaalje útwreide. [[Ofbyld:Empereur commode en hercule.jpg|thumb|right|200px|''Kommodus as [[Herakles (mytology)|Herkules]]. Brûnzen stânbyld, [[Musei Capitolini]], [[Rome (stêd)|Rome]]'']]