Noard Rona: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
 
== Skiednis ==
Rona soe it wenplak west hawwe fan [[Sint Ronan]] yn de [[8e ieuiuw]]. It eilân wie bewenne oant koart nei 1685. Doe is de befolking fan 30 minsken stoarn nei in ynvaazje fan [[rôt (bist)|rôten]], fermoedlik de Swarte Rôt (''Rattus rattus''), dy't fan in fergien skip kaam wienen. De ratten frieten de nôtfoarrie op dat it kin kin wêze dat de minsken doe ferhongere binne, hoewol't de pest harres der ek ta dien hawwe kind. Men wit dat der dat jier gjin skippen it eilân oandien hawwe. De rôten binne sels dêrnei ek ferhongere omdat hja út reden fan de hege weagen net by it iten oan de wetterline komme koene. <ref>Fraser Darling & Boyd (1969) sd. 73-74.</ref>
 
Rona rekke opnij bewenne, mar yn 1695 ek al wer ûntfolke, nei in tragysk boatûngemak waard ornearre. Doe wiene it allinne noch harders en harren húshâldings dy't dêr taholden, oant 1844, doe waard Rona foar altyd ferlitten. [[Sir James Matheson]], dy't Lewis yn 1844 kocht hie, bea oan om fan Rona in strafkoloanje te meitsjen. It regear wegere it oanbod lykwols.