Perzysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Robot: Verplaatsing van 1 interwikilinks. Deze staan nu op Wikidata onder d:q9168
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 28:
== Skiednis ==
=== Ald-Perzysk ===
Der wurdt fan útgien dat it Ald-Perzysk him yn it westlik diel fan it Iraanske plato ûntwikkele hat fanút it Proto-Yndo-Iraansk. It is allinnich bekend fan in lyts oantal ynskripsjes yn spikerskrift út de 6e-4e ieuiuw foar Kristus dy't troch de [[Achaemeniden|Achaemenidyske]] keningen (benammen troch [[Darius I|Darius]] (522-486) en [[Kserkses I|Kserkses]] (486-465)) oanbrocht binne. Yn tsjinstelling ta wat meastentiids oannomd wurdt, spile it Ald-Perzysk yn it Achaemenidyske ryk gjin grutte rol, omdat de bestjoerstaal it [[Arameesk]] wie. Yn tsjinstellint ta it Middel-en Nij-Perzysk wurdt de taal karakterisearre troch in wiidweidich stelsel fan ferbûgingen en ferfoegingen.
{| class="wikitable"
Rigel 58:
 
=== Middel-Perzysk ===
It Middel-Perzysk is in rjochtstreekse fuortsetting fan it Ald-Perzysk en is oant de fal fan it Achaemenidyske Ryk yn 338 f.Kr. oant de oermastering fan it [[Sassaniden|Sassanidyske]] ryk troch de [[Arabieren]] yn 651 in libjende taal west. Yn de earste ieuweniuwen fan syn bestean wie de taal lykwols fan lokaal belang en ûndergeskikt oan it [[Partysk]]. Sûnt de tredde ieuiuw nei Kristus waard de taal hieltyd wichtiger en krige stadichoan de funksje fan bestjoerstaal en de taal fan de elite en dominant kultuer. Nei de fal fan de Sassaniden ferlear de taal syn foarname rol en soe úteinlik allinnich noch yn swang bleauwen yn [[Soroastrisme|Soroastryske]] kringen. Yn dizze nije rol wie de taal sels sa wichtich de 9e en 10e ieuiuw as fruchtberste tiidrekken jilde út de Middel-Perzyske literatuerskiednis.
 
=== Perzysk ===
It tsjintwurdige Perzysk is in fuortsetting fan de sprutsen fariant fan it Middel-Perzysk. Want netsteande dat it skreaune Middel-Perzysk op wisse hichte it karakter fan in deade taal krige hie troch syn ûntwikkeling yn stagneare foarm, hie de sprektaal ('''Fārsi-ye Dary''' of '''Dary''') him as libbene taal fierder ûntwikkele. Yn de eastlike provinsjes fan it [[Abbasiden|Abbasidyske]] ryk, gebieten dy't feitlik ûnôfhinklik fan [[Bagdad]] wienen, wurde fan de 9e ieuiuw ôf it Dary útein mei help fan it [[Arabyske skrift]] op skrift stelt en is it dizze taal dy't ûnder de namme Nij-Perzysk bekend wurden is. Ut soarte hat ek it Nij-Perzysk n ûntwikkeling trochmakke dêr't fiif fazen yn te ûnderskieden binne:
 
* '''Formative perioade''' (8e-10e ieuiuw): yn dit tiidrek kaam de standerdisearing fan de taal troch poëzy ta stân.
* '''Heroïske perioade''' (10e-12e ieuiuw): yn dit tiidrek kaam de standerdisearing fan de proza ta stân.
* '''Klassike perioade''' (13e-15e ieuiuw)
* '''Post-Klassike perioade''' (15e-19e ieuiuw)
* '''It tiidrek fan it hjoeddeiske Persysk'''
 
Ien fan de opfallendste kenmerken fan dizze foarm fan Perzysk is it enoarme diel oan [[Arabysk]]e wurden. Troch ûndersyk docht bliken dat it persintage Arabyske wurden waakse is fan 25-30% yn de 10e ieuiuw oant goed 50% yn de 12e ieuiuw. It is dan ek net ferwonderlik dat yn de rin fan de skiednis in protte besikingen dien binne om de ûntwikkeling fan de Perzyske wurdenskat te beynfloedzjen. Yn de 20e ieuiuw krige dizze besikingen ek in ynstitusjonalisearre karakter. De Farhangestān-e Irān (1935) en syn opfolger de Farhangestān-e Zabān-e Fārsi (1970) krigen de taak it Perzysk safolle mooglik te suverjen fan bûtenlânske (lês Arabyske) eleminten. Undertusken hawwe dizze taalakademisy tsientallen wurden ûntwurpen dy't in fêst plak krigen hawwe yn it Perzysk. .
 
[[Kategory:Iraanske talen]]