Sula Sgeir: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 16:
Der wurdt ferhelle dat [[St Ronan]] syn suster Brenhilda in skoft op it eilân tahâlde, Ronan bleau thús op Rona; hja waard dêr letter fûn mei in nêst yn har ribbekast yn in hutte (''bothy'').
[[Ofbyld:Sula sgeir island.jpg|left|thumb|290px|<Center>Alde kaart fan Sula Sgeir.<ref>Harvie-Brown, J. A. & Buckley, T. E. (1889), A Vertebrate Fauna of the Outer Hebrides. David Douglas. Edinburgh. Facing P. XLVI.</ref>]]
Sula Sgeir nimt in spesjaal plak yn yn de seefeartskiednis fan it distrikt Ness op Lewis. Ien fan de earste skreaune ferslaggen oer de Westerske Eilannen wie fan Dean Munro, dy't dêr yn 1549 wie. Yn syn beskriuwing fan Sula Sgeir ferhellet er dat de manlju fan Ness nei it eilân farden om ''"fetche hame thair boatful of dry wild fowls with wild fowl fedderi"''.<ref>Munro, D. (1818) ''Description of the Western Isles of Scotland called Hybrides, by Mr. Donald Munro, High Dean of the Isles, who travelled through most of them in the year 1594.'' Miscellanea Scotica, 2.</ref> Hoe lang at it garjen fan fûgels en fearren doe al wenst wie is net wis, mar it kin in ieuwenâldeiuwenâlde tradysje west hawwe. It wurdt noch hieltyd dien. In ferslach út 1797 seit:
 
:"Der binne yn Ness tige ûndernimmende lju, dy't oant in pear jier lyn, mei gefaar foar eigen libben, yn in iepen boat mei seis roeiers dêr hinne giene, sûnder help fan in kompas."
Rigel 22:
Goed seemanskip wie grif nedich foar it slagjen fan sa'n ûndernimming op in rûzerige Atlantyske Oseaan.
 
It fleis fan de jonge ginten (''guga'') is foar in soad minsken in delikatesse, oaren moatte it iten leare. Eartiids wie dit fleis populêr yn Skotlân. Yn de 16e ieuiuw kaam it op de tafel fan Skotske keningen en waard it wurdearre as hapke foarôf. Yn de hjerst fan elk jier setten sa'n tsien manlju fan Ness ôf nei Sula Sgeir om sa'n 2,000 jonge fûgels te deadzjen. Sy wennen dan sa'n twa wike yn ''bothys'' - ienfâldige stiennen hûskes - dy't dêr no noch te sjen binne. Ienris werom waarden hja fan kloften minsken opwachte, dy't de man safolle fûgels at men hâlde koe meinaam. De fraach wie somtiden sa grut dat der in rantsoen de man fêststeld waard om eltsenien fan ''guga'' priuwe litte te kinnen.
 
Dizze tradysje hat omtinken lutsen fan de fûgelbeskerming dy't koartlyn besocht hawwe om der in ferbod troch te krijen. De tradysje is lykwols sterk, dat elts jier wurdt de reis nei Sula Sgeir wer makke, mei spesjale dispinsaasje foar de manlju fan Ness. (Beskreaun yn de ''Wild Birds Protection Act by a Statutory Order 1954''.