Troaje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 11:
Hoewol't it net te wjerlizzen wie dat de stêd echt bestien hie, rôp de opgraving wol grutte fragen op. Der waard nammentlik net ien stêd fûn, mar in hiel stel boppe-op inoar, yn totaal njoggen stiks. De âldste dêrfan stammet út it 3e millenium f.Kr., de jongste út de Romeinske tiid. De stêd is ferskate kearen ferwoaste west, mar waard hieltiten opnij op de púnheapen fan de foarige opboud.
 
Tsjintwurdich binne de measte wittenskippers it deroer iens dat Troaje VIIa it Troaje fan de Ilias foarstelt en dat de [[Trojaanske kriich]] dêr't de Ilias in poëtyske wjerspegeling fan jout ûnderdiel west hawwe moat fan in brânkatastrofe dy't it hiele eastlike bekken fan de Middellânske See yn de [[12e ieuiuw f.Kr.]] oerspielde.
 
Ek yn lettere jierren waarden opgravings dien, yn de jierren 30 ûnder lieding fan Carl Blegen en tusken 1977 en 2004 troch Manfred Korfmann.