Woudenberg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
 
Yn 1340 komt Wâldenberch yn hannen fan Jan fan Culemborg en yn 1352 ferkeapet dy it wer oan Gysbert fan Abcoude. Jan fan Culemborg junior is it mei de beslissing fan syn heit net iens. Dêrom oerfalt er it kastiel, hâldt 17 wiken stân, oant in leger fan de [[biskop fan Utert]] it yn 1353 ynnimt en ferwoastet. De rêst is weromkomd yn it grinsgebiet mei [[Hartochdom Gelre|Gelre]].
De stiennen wurde brûkt om de tsjerke in opknapbeurt te jaan. (Al yn 1309 is sprake fan in kapel yn Wâldenberch). Dy tsjerke stiet der no noch, al sjocht er der no hiel oars út; it is de Wâldenberchske doarpstsjerke. By de restauraasje yn 1988 binne muorredielen fûn dy't makke liken te wêzen fan dy [[14e ieuiuw]]ske stiennen.
 
Koart nei 1400 binne der in soad bouäktiviteiten: der wurdt in toer mei klokken deryn tsjin de tsjerke oanboud, kastiel Gearestein, ridderhofstêd Grienewâlde op Ekris en in twadde slot Wâldenberch tusken Efterstrjitte (no Burchwâl) en Middenstrjitte. Fan dit lêste slot binne by bouwurksumheden om 1990 spoaren fan de âlde grêften weromfûn. Fan it kastiel Grienewâlde is no noch it koetshûs te finen; der sit no in akkountantskantoar yn. Kastiel Gearestein is noch hielendal yntakt. It stiet oan de Gearesteinseleane en is haadkantoar fan in arsjitekteburo.
Rigel 21:
[[Gearestein]] hat altyd selsstannich west en is pas yn 1812 mei Wâldenberch yn ien gemeente opgien.
 
Wâldenberch waard yn de 18e ieuiuw bekend yn de omkriten troch it op grutte skaal ferbouwen fan tabak. In strjitnamme bringt dat noch te binnen: dêr't eartiids inkel tabaksplantaazjes leinen, leit no Tabakslân.
It doarp is groeid út in agraryske kearn en om it jier 1900 hinne wenne der mear as 2.500 minsken, benammen boeren, ambachtslju en arbeiders. Oant de ein fan de Twadde Wrâldoarloch bleau it doarp likernôch itselde as de hûnderten jierren dêrfoar, mei in Foarstrjitte, in Middenstrjitte, Efterstrjitte (no Burchwâl en Skoalstrjitte) en Utlis (no Doarpsstrjitte).