C.A. Reitzels Boghandel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
korr
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 28:
[[File:Reitzels boghandel facade 2.jpg|left|thumb|200px|''C.A. Reitzels Boghandel'' yn [[Kopenhagen]].]]
 
Njonken syn boekhannel begûn Reitzel ûnder de namme fan '''''C.A. Reitzels Forlag''''' ek in eigen [[útjouwerij]], dêr't in grut diel fan 'e [[literatuer|literêre]] produksje út 'e saneamde [[Deenske Gouden IeuIuw]] by útkaam. Ek yn it bûtenlân rekke de namme fan Reitzel yn dy snuorje bekend, benammen troch syn útjeften fan 'e [[mearke]]s en [[koart ferhaal|ferhalen]] fan [[Hans Christian Andersen]].
 
Nei Reitzel syn dea, yn [[1853]], waard de saak oernommen troch syn soannen [[Theodor Reitzel|Theodor]] en [[Carl Reitzel|Carl]]. Dy hiene net it selde ynstinkt foar sakedwaan as harren heit, en sadwaande rûn de wichtigens fan 'e útjouwerijtûke yn dy tiid sterk werom, foar't dy úteinlik yn [[1890]] oerdien waard oan konkurrint [[Gyldendal]]. Nei it ferstjerren fan Theodor Reitzel, yn [[1908]], en Carl Reitzel, yn [[1911]], kaam de boekhannel yn 'e hannen fan C.A. Reitzel syn pakesizzer [[C.A. Reitzel jr.]], dy't in [[maatskip]] oangie mei [[Aksel Sandal]]. Doe't de lêste Reitzel yn [[1921]] ek it tydlike foar it ivige ferruile, kaam de winkel folslein yn 'e hannen fan Sandal, dy't de saak modernisearre en fannijs úteinsette mei it útjaan fan boeken.