Hodder & Stoughton: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 29:
Yn 'e [[1840]]-er jierren kaam [[Matthew Hodder]] as opslûpen jonge by de útjouwerij [[Messrs Jackson and Walford]] te wurkjen. Doe't er dêr yn [[1861]] in fennoat yn waard, krige it bedriuw de namme fan Jackson, Walford and Hodder. Jackson en Walford giene yn [[1868]] lykwols mei pinsjoen, en yn har plak gie Hodder doe in gearwurking oan mei [[Thomas Wilberforce Stoughton]], sadat de firma Hodder & Stoughton ûntstie.
 
Messrs Jackson and Walford wie in útjouwerij fan [[kristendom|kristlike]] [[non-fiksje]], en hoewol't it bedriuw as Hodder & Stoughton sawol religieus as sekulier wurk útjoech, duorre it noch oant it begjin fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] foar't der ek [[fiksje]] publisearre waard. Sels doe noch waard der "morele [[sinsuer]]" tapast. Yn [[1928]] waard Hodder & Stoughton lykwols de eksklusive útjouwer fan 'e Britske ''[[hardcover]]''-edysjes fan 'e rige ''The Saint'', fan [[Leslie Charteris]], dy't oant [[1983]] trochrinne soe. Fierders waard yn 'e tweintiger jierren it prestizjeuze medysk [[tydskrift]] ''[[The Lancet]]'' oernommen. Letter rjochte Hodder & Stoughton de súksesfolle [[ymprint]] ''[[Teach Yourself]]'' op, dêr't selsstúdzjeboeken oer in ferskaat oan ûnderwerpen ûnder útjûn waarden.
 
Under de [[Twadde Wrâldoarloch]] sette de doetiidske eigner fan 'e útjouwerij, [[Ralph Hodder Williams]], de ymprint [[Brockhampton Press]] op om in oerskot oan [[teology|teologyske]] boeken fan 'e hân te dwaan. De manager fan Brockhampton, [[Ernest Roker]], hie aardichheid oan [[berneboek]]en, en wist [[auteur]] [[Enid Blyton]] oer te heljen om in rige boeken te skriuwen oer de aventoeren fan fjouwer bern en in hûn, wêrmei't yn [[1942]] ''[[The Famous Five]]'' berne waarden. Fan [[1969]] ôf kamen fierders ek de [[Ingelsk]]e [[oersetting]]s fan 'e [[stripferhaal|stripferhalen]] oer [[Asteriks en Obeliks]] by Brockhampton út.