Ras (klassifikaasje fan minsken): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Werom sette fan ferzje 743878 fan Special:Contributions/A7N8X (Meidogger_oerlis:A7N8X)superseded file
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
 
==Skiednis==
Histoarysk sjoen waard de oantsjutting "ras" yn ferbân mei de minske yn 't earstoan fral brûkt om nasjonale sibskip oan te jaan. Fan 'e [[santjinde ieuiuw]] ôf begûn de wittenskip, yn 't bysûnder de [[antropology]] en de [[fysiology]], mei de term de groepen oan te tsjutten dêr't men minsken op grûn fan lichaamlik ûnderskie yn ferdielde. Dy yndieling waard yn ferbân brocht mei de politike hegemony fan it [[jeropide ras|jeropide (blanke) ras]], wat wer keppele waard oan 'e kulturele mearweardichheid dêrfan. Yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] ûntjoech sok tinken him ta in pseudo-[[taksonomy]]sk stelsel dat de superioriteit fan beskate rassen en ûnderrassen oer oaren útdroech op grûn fan genetyske skaaimerken.
 
Tsjin it begjin fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] wie al dúdlik dat soks nearne op basearre wie, mar likegoed holden guon wittenskippers deroan fêst, en teffens waard dit systeem opnommen yn beskate [[polityk|politike]] [[ideology]]en, lykas it [[nasjonaal-sosjalisme]], wêrby't it misbrûkt waard foar elektoraal gewin en politike doelen. Harren hichtepunt berikten sokke [[rasisme|rasistyske]] ideologyen ûnder de [[Twadde Wrâldoarloch]], doe't miljoenen minsken ([[Joaden]], [[Sigeuners]], [[Slavyske folken|Slaven]] en oaren) fermoarde waarden fanwegen harren ras.
 
Fanwegen dy [[genoside]] is de oantsjutting "ras", as it om minsken giet, in tige beladen en dêrtroch problematyske term wurden, en sadwaande sprekt men hjoed de dei leaver fan populaasjes, folken, etnyske groepen of mienskippen, ôfhinklik fan 'e kontekst. It tawizen fan essinsjele skaaimerken oan beskate groepen minsken, poer op basis fan harren lichaamlik oansjen wurdt no beskôge as efterhelle, en de wittenskip besiket tsjintwurdich soksoarte útlis te ûntmoedigjen. Sterker noch, men fynt dat de oantsjutting "ras" bûten wittenskiplike fermiddens brûkt wurdt op in naïve en simplistyske wize, mei't der ûnder de [[minske]] as [[biology]]ske [[soarte]] gjin wiere [[taksonomy]]ske ûnderskieden besteane: alle libbene minsken hearre ta de [[soarte]] ''[[Homo sapiens]]'' en ta de [[ûndersoarte]] (of it [[ras (taksonomy)|ras]]) ''[[Homo sapiens sapiens]]''. Dat sein hawwende, wurdt de yndieling yn rassen noch allegeduerigen brûkt, en net inkeld yn ûnoffisjele omstannichheden, lykas yn it spraakgebrûk, mar ek yn offisjeel ferbân, lykas by troch de oerheid útfierde folkstellings (al wurdt it wurd "ras" dan almeast omsyld troch in [[eufemisme]] te brûken, lykas "rasiale eftergrûn" of "etnyske groep").