Ezra (Latyn): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks, boarnen
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
| oarspr. titel =
| auteur = anonimus
| taal = [[HebrieuskHebriuwsk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = [[90]] – [[96]] n.Kr. (?)
}}
'''''Ezra (Latyn)''''' is in [[joadendom|joadsk]] [[religy|religieus]] geskrift, besibbe oan it [[Alde Testamint]] fan 'e [[Bibel]], dat troch alle joadske streamings en it grutste part fan it [[kristendom]] as [[apokryf]] beskôge wurdt. Dizze tekst is in [[pseudepigraaf]] ûnder de namme fan 'e bibelske preester [[Ezra (preester)|Ezra]], en is skreaun om 'e [[Joaden]] te treasten yn in tiid fan grut fertriet (foar 't neist de ferwuostging fan 'e [[Timpel fan Jeruzalim]] troch de [[Romeinske Ryk|Romeinen]] yn it jier [[70]]). Hoewol't ''Ezra (Latyn)'' yn syn folsleinens, sa't de titel al oanjout, inkeld yn it [[Latyn]] oerlevere is, en dy Latynske ferzje nei alle gedachten in oersetting út it [[Gryksk]] wie, is men fan tinken dat de tekst oarspronklik yn it [[HebrieuskHebriuwsk]] skreaun wêze moat. It grutste part fan ''Ezra (Latyn)'' (de haadstikken 3-14) is ek oerlevere yn (hieltyd justjes faninoar ôfwikende) fertalings yn [[Syrysk]], [[Arabysk]], [[Ge'ez]] (de [[deade taal|deade]] [[tsjerketaal]] fan [[Etioopje]]), [[Georgysk]] en [[Armeensk]]. De oarsprong is ûnmooglik noch werom te finen troch twa of mear lagen fan oersetting hinne, mar it liket derop dat oer it grutste part (h. 3-14) yn elts gefal mear as ien [[skriuwer]] gear west hat. ''Ezra (Latyn)'' wurdt yn 'e regel datearre oan 'e ein fan 'e [[earste ieuiuw]], mooglik yn 'e snuorje [[90]]-[[96]], al miene guon saakkundigen dat it fan folle letter datum is, miskien sels wol út [[218]].
 
==Namme==
Rigel 24:
 
===Haadstik 1-2 (''5 Ezra'')===
Dizze haadstikken binne inkeld oerlevere yn it Latyn en wurde troch tekstûndersikers beskôge as in lettere, kristlike tafoeging, mooglik út 'e [[trêde ieuiuw]]. Hjiryn wurdt [[God]]s ôfwizing fan 'e [[Joaden]] beskreaun en dêropta in fizioen fan 'e Soan fan God.
 
===Haadstik 3-14 (''4 Ezra'')===
Rigel 34:
 
===Haadstik 15-16 (''6 Ezra'')===
Dizze lêste haadstikken binne, krekt as de earste beide, allinnich mar oerlevere yn it Latyn. Kwa ynhâld giet it hjir om foarsizzings fan oarloggen en it beskrobjen fan sûnders. Mooglik is dit in kristlike tafoeging út 'e trêde ieuiuw. It hat fierders wol kâns, al is dat net mei wissichheid te sizzen, dat dizze haadstikken tagelyk tafoege binne mei haadstik 1-2. It is lykwols ek mooglik dat se fan joadske oarsprong binne, mei't ien fragmint, h. 15:57-59, ek yn it Gryksk fûn is, en de measte taalwittenskippers binne it deroer iens dat it dêrby om in oersetting út it HebrieuskHebriuwsk giet.
 
{{boarnen|boarnefernijing=