Gnostyske evangeeljes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
boarnen
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
De '''gnostyske evangeeljes''' binne in samling fan likernôch 52 [[kristendom|kristlike]] [[gnostyk|gnostyske]] geskriften dêr't fan beweard wurdt dat se basearre binne op âlde wiisheden fan ferskate [[profeet|profeten]] en [[religy|religieuze]] lieders, mei dêrûnder [[Jezus|Jezus fan Nazaret]]. Se datearje út 'e perioade fan 'e [[twadde ieuiuw|twadde]] oant de [[fjirde ieuiuw]], al hat it wol kâns dat it ''[[Evangeelje fan Tomas]]'', dat it âldste fan 'e gnostyske evangeeljes is, gearstald is út boarnen dy't sels noch âlder binne as de [[kanonike evangeeljes]]. De gnostyske evangeeljes meitsje gjin ûnderdiel út fan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]], en hawwe nea ta lykfol hokker [[kanon]] ek heart; se wurde algemien as [[apokryf]] sjoen, en waarden ek yn 'e [[Aldheid]] al as sadanich beskôge. Lange tiid wiene se inkeld bekend by en ynteressant foar in beheinde groep bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]], mar koartby hawwe beskate [[roman]]s en [[film]]s (lykas [[Dan Brown]] syn ''The Da Vinci Code'' en de [[Hollywood]]-ferfilming dêrfan mei [[akteur]] [[Nicolas Cage]] yn 'e haadrol) der lykwols in nije, bredere publike belangstelling foar ûntweitsje litten.
 
It wurd "gnostysk" komt fan it [[Gryksk]]e wurd ''gnosis'', dat "kennis" betsjut, al wurdt it yn dit ferbân earder yn 'e betsjutting fan "ferljochting" brûkt. Yn tsjinstelling ta earder tinken (dat de [[gnostyk]] in poer kristlike steaming wie dy't him nei ferrin fan tiid ôfspjalte fan 'e rest fan it kristendom), is no de teory algemien akseptearre dat de gnostyk in al besteande streaming binnen it [[joadendom]] wie dy't op it ûntstean fan it kristendom reägearre, of dat it as streaming binnen it joadendom ûntstie yn reäksje op 'e opkomst fan it kristendom. De [[kristlike gnostyk]] wie in part fan 'e ier-kristlike mienksip dat leaude dat de ferlossing net inkeld fuortkaam út 'e ferearing fan [[Jezus Kristus]], mar teffens (of inkeld) út it learen om jinsels troch de iepenbiering fan 'e wiere, geheime leauwenslear los te meitsjen fan 'e materiële wrâld. Neffens dizze religieuze tradysje moasten de antwurden op spirituële fragen binnenyn jinsels socht wurde, ynstee dat se fan bûtenôf op jin ta kamen. Boppedat fûnen gnostisy de funksje fan 'e tsjerke as middelder tusken [[God]] en de [[minske]] ûnnedich.