Gnostyske Iepenbiering fan Petrus: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
ynfoboks, boarnen |
No edit summary |
||
Rigel 9:
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = [[2e
}}
De '''''Gnostyske Iepenbiering fan Petrus''''' (dy't net betize wurde moat mei de ''[[Iepenbiering fan Petrus]]'') is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. It is in [[pseudepigraaf|pseudepigrafysk]] geskrift út 'e [[twadde
De ''Gnostyske Iepenbiering fan Petrus'' is in tige gnostyske tekst, dy't leart dat it libben in straf is en it lichem in [[tichthûs]]. Sadwaande wurdt de [[krusiging]] fan [[Jezus Kristus]] bygelyks foarsteld mei in laitsjende Jezus, om't hy ommers op it punt stiet om befrijd te wurden út syn finzenskip. Ek warskôget er de lju tsjin minsken dy't ''"fêsthâlde oan 'e namme fan in deade, mei't se tinke dat se dêrtroch hillich wurde sille."'' De ''Gnostyske Iepenbiering fan Petrus'' fertoant fierders opfallende parallellen mei it ''[[Twadde Traktaat fan de Grutte Set]]'', en liket sadwaande in [[dosetisme|dosetistyske]] [[kristology]] út te dragen, wêrby't de weropstanning fan Jezus út 'e dea inkeld in weropstanning fan 'e geast is (en net ek fan it lichem, sa't de otterdokse tsjerkelear hawwe wol).
|