Naturalisme (literatuer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L -interwiki's (wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 63:
[[Ofbyld:Feitsma, Sake Kornelis.jpg|thumb|[[Sake Kornelis Feitsma]]: de iennige echte naturalist yn ‘e Fryske literatuer]]
{{Apart|Fryske literatuer}}
Wêr’t [[Waling Dykstra]] en [[Tsjibbe Gearts van der Meulen]] dúdlik as realisten yn ‘e [[Fryske literatuer]] neamd wurde, is dat in stik dreger fan it naturalisme. Fernijingen, lykas it naturalisme, kringe yn ‘e Fryske literatuer wol troch, mar it duorret faaks in skoftke ear’t dat werom te finen is yn it oarspronklike wurk fan Fryske skriuwers. As echte naturalist is allinne de skoalmaster [[Sake Kornelis Feitsma]] yn ‘e Fryske literatuer oan te wizen. By gjin oare Fryske skriuwer wurdt it idee dat minsken yn harren libben bepaald wurde troch erflike faktoren, troch miljeu en opfieding, sa útwurke. Feitsma skreau om de ieuwikselingiuwwikseling hinne in searje fan seis naturalistyske ferhalen, dêr’t de ynfloed fan de Frânske skriuwer [[Émile Zola]] sûnder mis yn te werkennen is. It earste ferhaal, ''Ut ‘e modder fan ‘e maatskippij'' waard publisearre yn it tydskrift [[Forjit my net]] yn 1893. Oare ferhalen waarden ek publisearre yn [[For hûs en hiem]] en [[Swanneblommen]]. Yn it foarwurd fan ''Ut ‘e modder fan ‘e maatskippij'' beneamt er himsels as in realistyske skriuwer. De searje ferhalen is pas fier nei syn dea sammele yn de bondel ''Ut ‘e ûnderste lagen''.
 
== Naturalisme earne oars ==
Rigel 71:
Yn [[Skandinaavje]] wiene de [[Noarwegen|Noar]] [[Henrik Ibsen]] en de [[Sweden|Sweed]] [[August Strindberg]] de foarneamste auteurs fan de streaming. Ibsen, beynfloede troch [[Søren Kierkegaard|Kierkegaard]] en [[Friedrich Nietzsche|Nietzsche]], mar likegoed troch Taine en Darwin, plachte foar de individuele selsferwêzentliking tsjin tradisjonele konvinsjes yn, dêr’t er it realisme en naturalisme mei oer stiich. Dochs wurdt er nog hieltiten beskôge as Noarsk kopstik fan it naturalisme. Ek Strindberg falt de klassifisearjen ûnder it naturalisme wylst er it likegoed oerstiich. Naturalistyske eleminten lykas erflikens, miljeu, opfieding en tafalligens komme oan bar, mar dat is ek it gefal foar it [[okkultisme]] en [[mystyk|mystisisme]], twa mear romantysk-idealistyske eleminten.
 
Yn de [[Russyske literatuer]] gou de perioade tusken 1800 en 1890, benammen troch it ôfnimmen fan de sinsuer, as de gouden ieuiuw. Yn feite begjint de moderne Russyske literatuer by [[Aleksandr Poesjkin]], mei syn komst feroare de literatuer gâns. Yn dy perioade wie it [[Russysk realisme]] de sintrale streaming dêr’t in spanning fielber wie tusken de skriuwers dy’t oan ‘iene kant Westersk en oan ‘e oare kant Eastersk oriïntearre binne. Der kamen skriuwers op as [[Leo Tolstoj]], [[Dostojevski]], [[Gontsjarov]] , [[Toergenjev]] en [[Anton Tsjechov]], hja skreauwen literêre masterwurken. Dy skriuwers wurde faak rekkene ta it Russysk realisme, realisme en naturalisme binne dan ek lêstich te skieden. [[Michail Artsybasjev]] en [[Aleksandr Koeprin (skriuwer)| Aleksandr Koeprin]] soene faaks wol ta it naturalisme rekkene wurde kinne.
 
== Naturalistysk teater ==
Rigel 77:
 
== Ein en neilittenskip ==
Nettsjinsteande de geskikte tiidsbûne omkadering wie it naturalisme mar in tige beheinde kringen súksesfol. It grutte publyk bleau noch altiten by idealistyske en ferheffende romans, en rekkene ôf mei it naturalisme omdat it te grou, rûch en pynlik wie. Mooglik troch it útbliuwen fan súkses, mar wis trochdat hja útsjoen wiene op de techniken, ferlieten in soad skriuwers it naturalisme tsjin de ein fan de njoggentjinde ieuiuw. Al yn [[1981]] kundige Van Deyssel de dea fan it naturalisme oan.
 
Dy twa oarsaken soene úteinlik soargje foar it útdôvjen fan de streaming. It naturalisme waard lykwols ferkrongen troch in oare streaming, in “isme”, lykas it realisme/naturalisme de romantyk ferkrong, mar opfolge troch in groep ferskate moderne stilen, lykas it [[symbolisme]] en de [[neoromantyk]]. Tsjintwurdich giet men der bytiden fan út dat it naturalisme sjoen wurde kin als de earste moderne streaming, dêr’t dy de definitive breuk betsjutte mei it romantysk-idealistyske.
Rigel 83:
It naturalisme wie fan grut belang foar de ûntjouwing fan de [[psychologyske roman]], het fatalisme sil weromkeare yn de neioarlochske [[eksistinsjalisme |eksistensjalistyske literatuer]] en de engazjearre emansipaasjeroman. Ek de moderne bellettry is foar in part skatplichtich oan dy streaming. De ynfloed fan de ljocht-en kleurrike beskriuwings yn de naturalistyske roman is ek dúdlik werom te finen ûnder it [[ympresjonisme]], it sciëntistyske yn de [[post-ympresjonisme|post-ymresjonistyske]] tendinsen.
 
Der is lykwols gjin ferbân tusken it naturalisme fan de njoggentjinde ieuiuw en de muzykstreaming ''naturalismo'' of [[freakfolk]] yn de ienentweintichste ieuiuw.
 
== Skaaimerken naturalistyske literatuer ==