Nederlands Bijbelgenootschap: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks + boarnen
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 22:
| webside = [http://www.bijbelgenootschap.nl www.bijbelgenootschap.nl]
}}
It '''''Nederlands Bijbelgenootschap''''' ('''NBG''') is in [[protestantisme|protestantske]] feriening dy't him ta doel steld hat om 'e [[Bibel]] oer te setten, te printsjen en te fersprieden, en foarjochting oangeande de Bibel te jaan. It NBG waard yn [[1814]] oprjochte op inisjatyf fan 'e ''British and Foreign Bible Society'', dy't tsien jier earder al stifte wie. Yn 't earstoan bestiene de wurksumheden benammentlik út 'e distribúsje fan bibels, mar fan [[1847]] ôf begûn it NBG ek sels bibels út te jaan. It beheinde syn aktiviteiten net inkeld ta it [[Nederlânsk]] taalgebiet; al fan [[1823]] ôf waarden der yntern [[taalkundige]]n oplaat om bibeloersettings nei oare talen meitsje te kinnen (lykas it [[Javaansk]] en oare lânseigen talen yn [[Nederlânsk-Ynje]]). Oan 'e ein fan 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] waard dat wurk oerdroegen oan 'e ''[[United Bible Society]]'' (UBS). Sûnt de sechstiger jierren fan 'e tweintichste ieuiuw wurdt by it oersetten en útjaan fan bibels yn 'e regel gearwurke mei de [[roomsk-katolisisme|roomske]] ''[[Katholieke Bijbelstichting]]''; sa joegen beide organisaasjes yn [[1978]] tegearre de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] út. Foar wittenskiplike stipe waard by de oersetting fan it [[Alde Testamint]] fan 'e Nederlânsktalige ''Nieuwe Bijbelvertaling'' fierders ek gearwurke mei [[joadendom|joadske]] [[teolooch|teologen]]. It NBG is fêstige te [[Haarlim]]. Yn [[2003]] waard it behear fan 'e [[útjouwerij]] fan it NBG oerdroegen oan ''Uitgeversgroep Jongbloed'' op it [[It Hearrenfean|Hearrenfean]].
 
==Keppelings om utens==