Nepos (boek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks, boarnen
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 9:
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = [[2e ieuiuw]]
}}
'''''Nepos''''' is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]], dat neamd is nei de [[Egypte|Egyptyske]] [[biskop]] [[Nepos]], dy't it yn 'e [[twadde ieuiuw]] skreau. Nepos wie in strange [[literalisme (kristendom)|literalist]] (dy't leaude dat de Bibel folslein letterlik útlein wurde moast), en syn geskrift, dat inkeld ek wol de ''Wjerlizzing fan 'e Allegoristen'' neamd waard, wie bedoeld om 'e arguminten fan dyjingen te wjerlizzen dy't hawwe woene dat beskate bibelpassaazjes [[allegory|allegoarysk]] ynterpretearre hearden te wurden. Yn 't bysûnder wie it Nepos derom te dwaan dat de ''[[Iepenbiering fan Jehannes]]'' letterlik opfet wurde moast, as in foarsizzing fan foarfallen dy't persiis sa't se beskreaun wiene, útkomme soene.
 
Hoewol't de lju dy't fan tinken wiene dat dat net sa wie, yn Nepos syn tiid mar in lytse minderheid foarmen, waard it allegoaryske aard fan ''Iepenbiering'' yn 'e Tsjerke letter frij algemien akseptearre. De [[trêde ieuiuw|trêde-ieuskeiuwske]] [[Aleksandrië|Aleksandrynske]] patriarch [[Dionysius fan Aleksandrië|Dionysius]] fielde him sadwaande sels roppen om in tekst te skriuwen (''Oangeande de Unthjitten''), wêryn't er him tsjin it boadskip fan ''Nepos'' kearde, ek al hied er Nepos as persoan tige heech, en besocht er dy syn lear te bekritisearjen sûnder de man sels swart te meitsjen. Nepos en syn ideeën wiene doe op it plattelân om Aleksandrië hinne noch sa populêr, dat Dionysius dêr persoanlik hinne gie om mei de lju te debattearjen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=