Pornografy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Pornografy''' (gauris ferkoarte ta '''porno''') is it eksplisite portrettearjen fan [[seksuële mienskip|seksuële]] ûnderwerpen troch it gebrûk fan in breed skala oan media, lykas tekst, tekenings, [[animaasje]], [[byldhoukeunst]], [[fotografy]], lûdsopnamen, [[film]], [[fideo]] en [[fideospultsje|fideospultsjes]]. De term tsjut inkeld op it fêstlizzen fan seksuële dieden, en net op dy seksuële dieden sels. Pornografy moat net betize wurde mei [[erotika]], wêrmei't it portrettearjen fan seksualiteit as neistribjen fan [[keunst]] bedoeld wurdt en dat dêrnjonken ek omtinken skinkt oan gefoelens en emoasjes, wylst it by pornografy poer om 'e fysike dieden draait, mei faak in heech sensaasjegehalte.<ref>Gehrke, William J., ''Erotica is Not Pornography'' (tech.mit.edu).</ref> Sljochtwei [[neakenfotografy]] kin allikemin beskôge wurde as pornografy, mei't it miskien wol in seksueel doel tsjinnet, mar der gjin seksuële die as sadanich by fêstlein wurdt.
 
Pornografy komt foar yn in grut tal ûnderskate foarmen. It wurd "pornografy" is ôfkomstich út it [[Gryksk]], mar krong pas yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde ieuiuw yn 'e measte [[West-Jeropa|Westjeropeeske]] talen troch. It ferskynsel sels bestiet al sûnt minskewitten, sij it dat it pas yn 'e [[Fiktoriaanske Tiid]] syn hjoeddeiske foarm krige, foar in grut part ek om't it doe foar it earst as sadanich by de wet ferbean waard. Sûnt de ein fan 'e sechstiger jierren is pornografy yn frijwol alle Westerske lannen legalisearre, al ferskilt de persize byldfoarming en maatskiplike reäksje per lân. Hjoed de dei giet der foar miljarden om yn 'e pornoyndustry, wat dy bedriuwstûke op guon plakken bot ynfloedryk makket.
 
Noch altiten is pornografy in kontroversjeel ûnderwerp, dat ferheftige emoasjes losmakket by sawol foar- as tsjinstanners. Wylst de foarstanners harren beroppe op 'e frije mieningsutering, fine de tsjinstanners dat sy net tsjin harren wil mei obseniteit konfrontearre wurde moatte soene, dat it op grûn fan harren religieuze leauwe "ferkeard" is, en/of dat froulju dertroch objektifisearre en misbrûkt wurde.
Rigel 68:
 
==Etymology==
It wurd "pornografy" komt fan it Grykske ''πορνογραφία'' (''pornografia''), dat gearstald is út ''πόρνη'' (''pornē'' - "prostituee") of ''πορνεία'' (''pornea'' - "prostitúsje") en ''γράφειν'' (''grafein'' - "skriuwe" of "fêstlizze". It is net dúdlik wannear't it wurd ûntstien is; it wie yn 'e [[Frânsk|Frânske]] foarm, ''pornographie'', al yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde ieuiuw yn gebrûk en kaam yn it [[Ingelsk]] yn elts gefal net foàr [[1857]] foar.
 
==Skiednis==
[[File:Sex statue in temple.jpeg|thumb|300px|Pornografyske byldhoukeunst yn 'e tsiende-ieuskeiuwske [[hindoeïsme|hindoe]]timpel te Khajuraho.]]
Ofbyldings fan pornografyske aard binne like âld as de minskheid sels. Der binne rotstekenings fan dat soarte út 'e [[Stientiid]] weromfûn op 'e wannen fan grotten.<ref>Rudgley, Richard, ''The lost civilizations of the Stone Age''.</ref> De [[Grykske Aldheid|Alde Griken]] beskilderen harren ierdewurk mei bgl. ôfbyldings fan prostituees dy't dwaande wiene mei twa klanten tagelyk, of fan soldaten dy't homoseksuële geslachtsmienskip mei-inoar bedreaune<ref>''Kroniek van de Mensheid'', s. 62-63.</ref>, wylst de Ynjers yn 'e tsiende en alfde ieuiuw by [[Khajuraho]] in timpelkompleks bouden dêr't it optilt fan 'e pornografyske byldhouwurken.<ref>Thomas, Bryn, et al., ''India'', s. 746-749.</ref>
 
It konsept fan pornografy sa't dat hjoed de dei bestiet, is lykwols in produkt fan 'e oerkekene [[Fiktoriaanske tiid]], doe't sokke saken foar it earst by de wet ferbean waarden, wat fansels in ûndergrûnsk sirkwy opsmiet dêr't pornografyske lektuer yn rûngie. De earste wet dy't pornografy as sadanich kriminalisearre, wie de [[Grut-Brittanje|Britske]] ''Obscene Publications Act 1857'', dy't trouwens fan krêft wie yn [[Ingelân]], [[Wales]] en [[Ierlân (eilân)|Ierlân]], mar net yn [[Skotlân]].<ref>Hyde, H. Montgomery, ''A History of Pornography'', s.14.</ref> Mar de ferfolging fan pornografy wie yn Ingelân al in ieuiuw earder begûn. De roman ''[[Fanny Hill]]'', út [[1748]], wurdt beskôge as de earste Ingelsktalige pornografy<ref>Foxon, ''Libertine Literature in England, 1660–1745,'' s. 45.</ref> en is ien fan 'e meast juridysk ferfolge en faakst ferbeane boeken fan 'e hiele skiednis. De skriuwer, [[John Cleland]], waard oanklage foar it "korrumpearjen fan 's kenings ûnderdienen".<ref>Sutherland, ''Offensive Literature: Decensorship in Britain, 1960–1982'', s. 32.</ref>
 
De Fiktoriaanske moraal wie trouwens in dûbelenien, want foar manlju fan kwizekwânsje en/of heech komôf wie it net ferbean en besjoch pornografy; sokken koene dermei fertroud wurde. By de grutskalige opgravings yn it [[Itaalje|Italjaanske]] [[Pompeii]], yn 'e 1860-er jierren, waarden withoefolle dingen fan pornografyske aard opdold — in hiele skok foar de Fiktorianen, dy't harsels as de yntellektuële erfgenamten fan it [[Romeinske Ryk]] beskôgen. It losse guod waard fuortstoppe yn it [[Geheim Museum (Napels)|Geheim Museum]], te [[Napels]], dêr't inkeld in selekte groep manlju it besichtigje koe. Wat net dêrhinne oerbrocht wurde koe, waard ôfset en bedutsen, sadat froulju, bern en fral de legerein it mar net sjen kinne soene.<ref>Beck, Marianna, ''The Roots of Western Pornography: Victorian Obsessions and Fin-de-Siècle Predilections'' (www.libidomag.com).</ref>