Sixtinus Amama: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 9:
Amama syn opfolger waard [[Bernardus Fullenius sr.]]. As bibetekaris waard hy opfolge troch Meinardus Schotanus. Ta syn learlingen hearden de lettere heechleraren teology [[Johannes Coccejus]] en [[Carolus de Maets]].
 
== Stúdzje fan it HebrieuskHebriuwsk ==
Amama wie fan betinken dat predikanten in goede kennis fan de grûntalen fan de Bibel hawwe moasten. Yn 1624 publisearre hy hjiroer in ''Cort vertoogh''. Yn itselde jier stelden de Provinsjale Steaten fan [[Fryslân]] dy kennis ferplicht foar alle [[proponint]]en. Ta ûnondersteuning fan syn ûnderwiis bewurke hy net allinnich de besteande Latynstalige grammatika fan it HebrieuskHebriuwsk fan [[Petrus Martinius]] en [[Johannes Buxtorf]], mar joech hy ek yn it Nederlânsk in [[grammatika]] fan it HebrieuskHebriuwsk en in Hebriuesk wurdboek út.
 
Fan grut belang fûn Amama dat der in suvere oersetting fan de Bibel yn it Nederlânsk kaam. Yn 1623 behannele hy yn syn mânske ''Bybelsche conferentie'' de protte flaters yn de [[Deux-Aesbibel]], in oersetting dy't útgie fan de Dútske oersetting troch [[Maarten Luther]]. Yn 1625 joech hy in eigen Bibeloersetting út dy't gearstald wie út de oersettings fan [[Petrus Hackius]] (it [[Alde Testamint]]) en [[Herman Faukelius]] (it [[Nije Testamint]]). Amama foege oan it Alde Testamint yn de marzje syn eigen oersettings ta. Dy útjefte krige twa werprintingen, oant se yn 1637 ferfongen waard troch de Steatenfertaling. Amama wie net opnomd ûnder de teologen dy't yn opdracht fan de [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten-Generaal]] de Bibel yn it Nederlânsk oersette moasten. Mooglik spile de âlde fertinking fan ûnrjochtsinnichheid hjirby noch in rol.