Torah: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks, boarnen
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
| oarspr. titel = תּוֹרָה ("Ṯorah")
| auteur = anonimus
| taal = [[HebrieuskHebriuwsk]]
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = 8e – 6e ieuiuw f.Kr.
}}
De '''''Torah''''', yn it [[HebrieuskHebriuwsk]]: '''תּוֹרָה''', '''''Ṯorah''''', wat "Leare" of "Wet" betsjut, is it earste part fan 'e ''[[Tenach]]'', de [[joadendom|joadske]] [[Bibel]], besteande út de boeken ''Ḇerešiṯ'' (''[[Genesis]]''), ''Šemot'' (''[[Exodus]]''), ''Vayikra'' (''[[Leviticus]]''), ''Ḇamidḇar'' (''[[Numeri]]'') en ''Deḇarim'' (''[[Deuteronomium]]''), wat de [[kristendom|kristenen]] de '''''Pentateûch''''' neame.
 
Yn rommere sin kin de oantsjutting ''Torah'' ek brûkt wurde foar de eigentlike ''Torah'' plus it [[rabbyn|rabbinaal]] kommentaar dêrop, of de hiele ''Tenach'' fan begjin oant ein, of sels de hiele joadske religieuze lear. Mar yn 'e regel komt de betsjutting yn ingere sin, d.w.s. dy't synonym is oan 'e ''Pentateûch'', fierwei it measte foar.
[[Ofbyld:ReadingOfTheTorah.jpg|left|thumb|200px|De ''Torah'' wurdt foarlêzen.]]
 
Njonken dizze ''Ṯorah Ševiḵṯav'', of "''Skreaune Torah''" bestiet der ek in ''Ṯorah Ševe'al Feh'', of in "''[[Mûnlinge Torah]]''". Dy bestiet út 'e tradysjonele ynterpretaasjes en beklammings fan 'e skreaune ''Torah'' dy't ieuwenlangiuwenlang fan generaasje op generaasje [[oerlevering|oerlevere]] binne ûnder de joadske skriftlearden, en dy't no fêstlein binne yn 'e ''[[Talmoed]]'' en de ''[[Midrash]]''.
 
Neffens de joadske tradysje en alle kennis dy't yn 'e ''Torah'' te finen is, sawol skreaun as mûnling, binne de fiif boeken fan 'e ''Torah'' troch [[God]] oan 'e [[profeet]] [[Mozes]] jûn, foar in part doe't dy ta him kaam op 'e berch [[Sinaï (berch)|Sinaï]], en foar in part letter yn 'e beslettenens fan 'e [[tabernakel]].