Underrjocht fan de Apostels: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 11:
| skreaun = ±[[230]] n.Kr.
}}
It '''''Underrjocht fan de Apostels''''' ([[Latyn]]: '''''Didascalia Apostolorum''''') is in ier [[kristendom|kristlik]] traktaat dat heart ta it sjenre fan 'e [[tsjerkeregel]]s. Yn 'e tekst sels wurdt útholden út dat er skreaun is troch de tolve oarspronklike [[apostel]]s, en yn dat opsjoch is it besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]], mar moderne wittenskippers binne it deroer iens dat it eins gearstald is yn 'e [[trêde ieuiuw]], wierskynlik om it jier [[230]] hinne. Sadwaande kin it as [[pseudepigraaf|pseudepigrafysk]] en [[apokryf]] beskôge wurde. It is dúdlik basearre op 'e eardere ''[[Didachê]]'', ek wol it ''Underrjocht fan de Tolve Apostels'' neamd, dêr't it net mei betize wurde moat. De wiere auteur is ûnbekend, mar men is fan tinken dat it foar 't neist in [[biskop]] west hat, mooglik út [[Antiochië]].
 
==Oerlevering==
It ''Underrjocht fan de Apostels'' waard foar it earst neamd yn 'e geskriften fan [[Epifanius fan Salamis]], dy't miende dat it in wier apostoalysk wurk wie. De pear sitaten dy't hy jout komme net alhiel oerien mei de tekst sa't dy oerlevere is, mar Epifanius stiet derom bekend dat er der mei sitaten mar in slach nei sloech. It ferlern giene orizjineel fan it ''Underrjocht fan de Apostels'' moat perfoarst yn it [[Gryksk]] skreaun west hawwe, mar yn syn folsleinens is it inkeld oerlevere yn it [[Syrysk]], hoewol't der in koart fragmint fan haadstik 15 yn it Gryksk bestiet en der yn [[1996]] noch in wierskynlik fragmint yn it [[Koptysk]] weromfûn waard. Yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] waard de tekst yn it Westen op 'e nij ûntdutsen troch [[Paul Lagarde]], dy't yn [[1854]] de Syryske tekst publisearre. Yn [[1900]] publisearre [[Edmund Hauler]] de [[Palimpsest fan Verona]], dy't in [[Latyn]]ske oersetting fan it ''Underrjocht'' omfettet.
 
==Ynhâld==