Utopia (boek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 37:
''Utopia'' bestiet út twa boeken. It is skreaun yn in (doedestiden wenstige) dialoochfoarm, wêrby't it petear fierd wurdt troch More sels en in Raphaël Hythlodaeus, in optocht personaazje dat withoefolle om utens reizge hat.
 
It earste boek is in krityk, wêryn't it libben yn Ingelân oan it begjin fan 'e sechstjinde ieuiuw beskreaun wurdt. Tiranny en korrupsje hawwe dêr tier. De woartel fan alle kwea is it misbrûk fan priveebesit fan lân, dat liedt ta de útrûpeling fan 'e mannichten earmen troch de grutgrûnbesitters, wat wer in oanboazjende kriminaliteit feroarsaket.
 
Yn it twadde boek wurdt it tsjinstelde tafriel ôfskildere, fan 'e maatskipij op 'e fiktive eilânsteat Utopia. Oerhearsking en lúkse binne dêr ôfskaft en priveebesit fan lân bestiet der net. More giet alle slimme misstannen fan syn tiid bylâns, sij it religieuze, sosjale of politike, en jout op in filosofyske wize omtinken oan in oplossing. Dat docht er op in manear dy't syn tiid fier foarút wie.