Hallum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Boehm (oerlis | bydragen)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 22:
Yn Hallum binne yn [[2007]] produksjeresten fan in [[koperslagger]] fûn út de tiid om [[400]] hinne. Der sieten twa ringen en in diel fan in knyft by. Boppedat sieten der ek in tal [[fibula]]’s en potdiggels by.
 
It doarp is ûntstien op in [[kwelderwâl]] tsjin de Waadkust oan. Der wurdt tocht dat it begjin fan Hallum yn de [[Romeinske tiid]] leit. Yn [[11e ieuiuw]] waard der in seedyk, no de Hege Hearrewei, oanlein. Hallum kaam sa yndyksk te lizzen. Stadichoan is doe it bebouwen begûn. Der kamen sa paden, mei huzen dêroan, nei de tsjerke. Yn in âlde kronyk wurdt Hallum in 'hofstêd' neamd. Dat wol sizze in wichtige parochje. Letter waard der ek bûten de terp boud. Foaral by de feart kaam der letter bebouwing.
 
== De Hallumer Trekfeart ==
Rigel 34:
Om Hallum hinne leinen alear in protte staten. De wichtichste wie [[Goslingastate (Hallum)|Goslingastate]] fan 2½ bunder. Nei de Goslinga's is it oergien nei de Roorda's. Dy waarden wer opfolge troch de Burmania's. Yn 'e rin fan de tiid is der in pleats foar yn 't plak kommen.
 
In oare state wie [[Sythiemastate|Sytsjemastate]]. Dy wurdt yn [[1307]] al neamd as wenplak fan Oene Sytsjema, [[grytman]] fan Ferwerderadiel. Letter binne dêr de Burmania's kommen. Sytsjemastate is yn 1798 ôfbrutsen. De stiennen waarden brûkt om de [[Waltastate]] yn [[Boazum]], dy't net rjochtlik ôfbrutsen wie, op 'e nij te bouwen. Tsjin [[Hijum]] oan lei [[Ondersmastate]], better bekend as it Hûs fan Berou. Yn de [[16e ieuiuw]] is dêr in nije state boud. Yn 1800 wie dy al wer ôfbrutsen. Dan wiene der noch [[Feitsmastate (Hallum)|Feitsmastate]] en [[Jayemastate]]. Op [[Jajemastate]] hat Schelte Jajema wenne. Hy is yn [[1228]] yn in gefjocht sneuvele. De nammen fan de staten wurde yn ‘t ûnthâld holden troch strjitnammen.
 
== Tsjerken ==