Nijehaske: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 4 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2008652
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 13:
'''Nijehaske''' is in doarp yn de gemeente [[Skarsterlân]], krekt west fan [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]]. It doarp hat likernôch 50 ynwenners.
 
Nijehaske is begûn as eastlike útbou fan it âldere doarp Haske, dat letter [[Aldehaske]] hjitte soe. Dy twa doarpen foarmen it sintrum fan de eardere gemeente [[Haskerlân]]. Troch feanterij, dy't al yn de [[16e ieuiuw]] geande wie, ûntwikkele it doarp. Doe't 200 jier letter de [[Giteren|Gitersken]] nei it gebiet kamen om fean ôf te graven, woeks it tal ynwenners fan beide doarpen hurd.
 
De groei fan it tichtby lizzende [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]], dat op de grins fan trije gemeenten lei, soarge der foar dat in grut stik fan it doarp ferdwûn. De bebouwing west fan de [[Hearresleat]] en noard fan de Stasjonsstrjitte bleau oer. It oarspronklike hert fan Nijehaske hearde al sûnt de gemeentlike weryndieling fan [[1934]] by It Hearrenfean. Hjir stie ek de herfoarme tsjerke dy't eartiids ien wie mei [[Haskerdiken]] en [[Nijbrêge]]. Allinnich it tsjerkhôf oan de Jousterwei is hjir noch fan oer. It stasjon fan It Hearrenfean stie oant [[1933]] yn Nijehaske.