Petrus (apostel): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
Werom sette fan ferzje 771639 fan Special:Contributions/PiefPafPier (Meidogger_oerlis:PiefPafPier) Weromset nei FA útlis
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 19:
 
[[Ofbyld:Tomb of Petrus 2.jpg|thumb|right|De tombe fan Petrus.]]
Yn Petrus syn tiid waard it lichem ornaris flakby de eksekúsje begroeven. Dat is ek bard mei it lichem fan Petrus. Al gau is der in lyts monumintsje delsetten as werkenning foar de pylgers dy’t it grêf besykje woenen, en om foar te kommen dat it grêfmonuminten dy't yn dy tiid boud waarden foar rike boarchers, it grêf ûnberikber meitsje soenen. Troch [[Konstantyn de Grutte|keizer Konstantijn]] is der de earste [[Sint-Piter]]s basilyk boud, dy’t oant de [[16e ieuiuw]] stien hat. Boppe-op het grêf is it alter setten. De Sint-Piter fan no is op it selde plak boud. By renovaasjewurk yn de jierren '30 fan de 20e ieuiuw is it grêf fan Petrus iepene. Yn dat grêf lei in ridlik goed bewarre skelet fan in stevich boude man fan in jier of 60-70. Algemien giet men der fan út dat dit de stoffelike resten binne fan de Joadske fisker Simon, de apostel fan Jezus.
 
Petrus hat trije feestdagen. De wichtichste is it Heechfeest fan Petrus en [[Paulus]] op [[29 juny]] - neffens de oerlevering binne de beide apostels op deselde dei en yn deselde oere stoarn. De befrijing fan Petrus wurdt fierd op [[1 augustus]] mei it feest fan [[Sint Petrus- bannen]]. Op [[22 febrewaris]] wurdt yn de katolike tsjerke it [[leargesach Ex Cathedra]] mei it feest fan Petrus' stoel fierd.
 
[[Ofbyld:Petersinai.jpg|thumb|Ikoan fan Sint Piter út de sechsde ieuiuw.]]
Petrus is de patroanhillige fan de abdijen fan [[Bath]] en [[Berchtesgaden]], fan [[Bremen (stêd)|Bremen]], [[Chartres]], [[Abdij fan Dendermonde]], [[Keulen]], [[Trier]], [[Las Vegas]], it bisdom [[Jackson]], [[Köpenick]], [[Leien]], [[Lessen]], [[Leuven]], [[Maastricht]], [[Moissac]], [[Naumburg]], [[Obermarsberg]], [[Oostende]], [[Sint-Petersburch]], it bisdom [[Filadelfia]], [[Sint-Pieters-Rode]], [[Poznań]], it bisdom [[Providence]], [[Puurs]], [[Regensburch]], [[Rome (stêd)|Rome]], [[Umbrië]] en [[Worms]], en fjierder fan de [[tsjerke]], de pausen, bakkers, de boetelingen, brêgebouwers, de fiskers, de fiskehannelers, de glêzebiters, de leadjitters, de mitselers, de oerwurkmakkers, de pottebakkers, de segelbrânders, de skippers, de skipsbouwers, de skrynwurkers, de skuonmakkers, slachters, de slotmakkers, de smeien en de stienkappers. Petrus wurdt oanroppen by skipbrekken, troch jonge froulju, boetelingen, by sinsfertsjustering, slangebiten, hûnsdollens, stellerij, foetpinen, koarts, besetenheid en by it fallen.
 
Rigel 34:
 
=== Apokryf ===
It apokrive [[evangeelje fan Petrus]] is in koart passyferhaal, dat op guon punten dosetyske tinzen hat. It earste kommentaar oer dizze apokrive komt út de 4e ieuiuw fan [[Eusebius fan Caesarea]] fan likernôch 210. De bewarre tekstfragminten komme út de 6e en 8e ieuiuw. Oer it evangeelje fan Petrus hat net in protte diskusje west by de kanonfoarming fan it Nije testamint; it waard frij algemien as apokryf beskôge.
 
{{commonsBalke|Saint Peter|Petrus}}