Nij-Roan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2231797
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
 
== Skiednis ==
As earste wie der in skoalle en om dy skoalle ûntstie in doarp. Dit is in nuveraardich begjin foar in wenplak, want meastentiids is der earst in doarp en komt der letter in skoalle. Op de woeste heidegrûnen, dêr't hjir en dêr in [[spitkeet]] stie, waard yn de earste jierren fan de tweintichste ieuiuw in skoalle boud. Oant yn de jierren 90 stie ek yn Nij-Roan in orizjinele seaddehutte, yn de buert fan it hartekamp. Dizze is ôfbaarnd en hjirmei gie in stikje ûntsteansskiednis ferlern. De ûntsteansskiednis fan Nij-Roan is in bitter ferhaal fan bodzjen en minne leefomstannichheden. In foto fan de [[biezembine|biezembynsters]] stiet symboal foar dizze ûntsteansskiednis; op bleate fuotten, yltige hannen en ferware mar berette gesichten foarmen se in ikoan fan Nij-Roan. In soad manlju flechten oan de ein fan de wike, mei it jild dêr't se sa hurd foar bodde hienen, harren taflecht yn de alkohol. Se besochten efkes te ûntkommen oan it wrede bestean. Boppedat wienen in soad manlju fan hûs te arbeidzjen, oaren wienen stoarn. De froulju stienen der dan allinnich foar en hja makken dat se mei har bern troch de tiid kamen. "Bessems binden" wie foar haren uin grutte boarne fan ynkomsten. Sûnttiids is der yn hûndert jier fansels in soad bard: der kamen huzen en winkels, der kaam elektrisiteit en wetterlieding, der foarme him in doarpsmienskip, mei in kafee, in tsjerke en in doarpshûs. De bewenners rjochten ferienings op en organisearren festiviteiten. Nij-Roan groeide út ta in bloeiend doarp.
 
== Lizzing ==