Antwerpen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 30:
 
== Skiednis ==
De skiednis fan Antwerpen giet werom nei de [[3e ieuiuw|tredde ieuiuw]] nei Kristus. Neidat de [[Salyske Franken]] it gebiet feroverje op de [[Friezen]], stiften hja yn de omkriten fan Antwerpen it doarp Merksum. Yn de [[7e ieuiuw]] begûn it [[Kerstening|kerstenjen]]. De stêd wurdt yn de oarkonden foar it earst neamd yn [[726]]. Yn [[836]] ferniele [[Wytsingen]] de stêd. Yn [[129]]1 krige Antwerpen [[stedsrjocht]]en. Yn 1863 krige Antwerpen de funksje fan havenstâd yn de nije steat Belgje, dat in ekonomyske groei ta gefolch hie. Yn de [[Earste Wrâldkriich]] wie Antwerpen fan [[1914]] oant en mei [[1918]] troch de Dútsers beset. Yn [[1920]] waarden de [[Olympyske Spullen|Olympyske Simmerspullen]] holden yn Antwerpen.
 
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] waard Belgje krekt as yn de Earste Wrâldkriich brûkt om dêrwei [[Frankryk]] te feroverjen. Antwerp waard maaie 1940 beset troch de [[Wehrmacht]] en yn septimber 1944 befrijd troch de Ingelsken. Antwerpen wie oan 'e ein fan de kriich in wichtige haven foar de [[Alliearden]] om har soldaten op it Jeropeeske fêstelân fan wapens en rantsoen te foarsjen. Dêrom waard Antwerpen, lykas [[Londen]], it doel fan Dútske V1 en V2 raketten (7 oktober 1944 oant 30 maart 1945). It wie ek it doel fan it [[Ardennenoffensyf]] (desimber 1944 oant febrewaris 1945). De stêd hie mear skea fan de V1 en V2 raketten as de haven, sa'n 3700 oant 7000 ynwenners fan Antwerpen binne dearekke troch de raketoanfallen. Nettsjinsteande de skea fan de raketoanfallen bleau it histoarysk stêdsbyld foar it grutste part bestean.