Frisistyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
 
== Skiednis ==
De prefester [[Everwinus Wassenbergh]] (1742-1826) fan de [[universiteit fan Frjentsjer]] wie de earste dy't him op akademysk nivo ynsette foar ûndersyk en stúdzje nei it Frysk. Syn wurk wie de oantrún foar mear ûndersyk en stúdzje yn de 19e ieuiuw.<ref>[http://www.dbnl.org/tekst/pieb002koar01_01/pieb002koar01_01_0007.php Haadstik 6: De Wassenbergh-skoalle] út 'Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse'</ref> Foar de oprjochting fan de Fryske Akademy wienen yn de 19e ieuiuw en iere 20e ieuiuw it [[Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse]] en it [[Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde|Frysk Genoatskip foar Skiednis, Kultuer en Taalkunde]] de twa belangrykste organisaasjes dy't op wittenskiplik nivo dwaande wienen mei it Frysk. De Fryske Akademy waard nei jierren fan oerlis oprjochte yn 1938. It Frysk as universitêre oplieding begûn mei private dosintskippen wêrfan de earste yn 1896 oan 'e Ryksuniversiteit Utert. Yn 1930 kaam der in lektoraat Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Yn de tritiger en fjirtiger jierren kamen de earste folweardige learstuollen oan de universiteiten. Yn Dútslân krige de [[universiteit fan Kiel]] yn 1950 syn ''Nordfriesische Wörterbuchstelle'' (it "Noardfrysk Wurdboekynstituut"). De earste perfesters Frysk oan de universiteiten yn Dútslân kamen yn de sechtiger en santiger jierren.
 
== Universiteiten en ynstituten ==
By it Frysk Ynstitút oan de [[Universiteit fan Grins|Grinzer universiteit]] wurdt ûndersyk dien nei it Frysk en der is in akademyske oplieding mei de namme [[Stúdzje Fryske Taal en Kultuer]]. Oan de [[Noardlike Hegeskoalle Ljouwert]] (NHL) wurde learareopliedingen op bachelor en master nivo jûn. Sawol by de Grinzer universiteit as by de NHL leit it swiertepunt fan ûndersyk en stúdzje by it Westerlauwersk Frysk, dêrneist wurdt der sydlings ek omtinken jûn oan it Noardfrysk en Sealterfrysk. De [[Fryske Akademy]] (FA) yn [[Ljouwert]] is in ynstitút dat sûnt 1938 wittenskiplik ûndersyk docht op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en mienskip. De FA fersoarget fia bysûndere learstuollen yn [[Ryksuniversiteit Leien|Leien]] en Amsterdam universitêr ûnderwiis en ûndersyk op it mêd fan de Fryske taal- en letterkunde en de midsieuskemidsiuwske skiednis fan Fryslân. Dêrneist publisearret de FA ferskillende wurdboeken foar it Frysk út lykas it [[Wurdboek fan de Fryske Taal]] en it Frysk Hânwurdboek. De Fryske Akademy publisearret ek wurdboeken fan de ferskillende Fryske dialekten en oare taalkundige wurken.
 
Yn Dútslân binne der oan universiteiten fan [[universiteit fan Kiel|Kiel]] en Flinsboarch prefesters foar it Frysk. Oan de universiteit fan Kiel wurdt de stúdzje ''Friesische Philologie'' oanbean en mei de kartoteek fan de Noardfryske dialekten wurde dêr wittenskiplike wurdboeken foar de ferskillende Noardfryske tongslaggen gearstald. By de stúdzje Fryske filology stiet it Noardfrysk sintraal, dêrneist is der ek omtinken foar it Westerlauwersk Frysk en Sealterfrysk. Yn Flinsboarch wurde kursussen Noardfrysk jûn op masternivo foar studinten dy't it ûnderwiis yn wolle. Oan de universiteit fan [[Carl von Ossietzky Universiteit|Aldenboarch]] is in learstoel dy't der diels foar it Sealterfrysk is. It [[Nordfriisk Instituut]] is it wittenskiplik ynstitút foar de Noardfryske taal en kultuer en jout publikaasjes yn de ferskillende Noardfryske tongslaggen út. Yn it plak Alkersum op it eilân [[Föhr|Feer]] is de 'Ferring Stiftung' as wittenskiplik ynstitút foaral dwaande mei it Frysk fan de eilannen Amrum en Feer en hat in eigen bibleteek mei stúdzjeromten.