[[Ofbyld:HoxwierStateMantgum1 1722.jpg|thumb|''Hokswierstate 1722, tekene troch J. Stellingwerf'']]
'''Hokswier''' (ek: ''Hoxwier'', ''Hox'' of ''hokse'' betsjut 'hoeke') wie in âlde [[state]] by [[Mantgum]] dy't tusken 1746 en 1748 ôfbrutsen is. De state stie noardeast fan Mantgum. De stins wurdt foar it earst neamd yn de [[15e ieuiuw]]. Trochdat de stins yn in hoeke dy't de [[Middelsee]] mei Mantgum makke stie, krige it syn namme.
Yn de [[15e ieuiuw]] wennen der Heringa's op de [[stins]], mar om 1500 wenne der in Aesge Aesges van Hokswier en nei him syn soan Aesge. Aege is troch syn houlik ek eigener fan it Sjaerdema-hûs yn [[Frjentsjer]]. Letter kaam it yn besit fan de famylje Galama út [[Koudum]]. Oer [[Gaele Hartmans Galema|Gaele Galama]] ([[1499]]-[[1559]])<ref>[http://www.genealogieonline.nl/stamboom-griffioen-koster/I70955.php Stamboom Griffioen Jellema Friese Adel » ''Gale Hartmanzn (Galo, Gaele) Galama Toe Coudum'']</ref> is in soad bekend omdat er in deiboek yn it [[Frysk]] skreaun hat.
Yn [[1528]] gie de stins nei [[Seerp Galama]]. Der wiene doe in hiem, hof en grêften en singels by it goed. De eigener hie boppedat it aadlike privileezje om de geastliken fan Mantgum te beneamen. Yn de striid tsjin Spanje flechte Seerp in skoft nei [[Emden]]. Syn broer Hartman fan Galama en syn sweager Sjoerd fan Beyma waarden beide yn [[Brussel]] terjochtsteld. Yn 1576 kaam Seerp werom op Hokswier en waard in jier letter [[grytman]] fan [[Barradiel]]. Hy is begroeven yn de tsjerke fan Mantgum.
Rigel 14:
== Argeologysk ûndersyk ==
Tusken 1995 en 2000 waard al ûndersyk op it terrein dien. By dit ûndersyk waarden ferskate grûnspoaren ûntdekt dy't mooglik diel útmakken fan de 17e ieuskeiuwske state. De boufallige [[stjelp]] waard begjin 2003 ôfbrutsen en yn april 2003 waard der [[argeology|archeologysk ûndersyk]] op it terrein dien. Der waarden boaiemspoaren fûn fan in stins út de 12e of 13e ieuiuw. Fan dizze earste stins binne gjin muorreresten fûn. Fan de lettere [[stins]] waard yn in âlde dwersgrêft in diel fan de fundearring út ± 1600 weromfûn. Hjirfoar wienen âlde [[kleastermop]]pen út de 12e ieuiuw werbrûkt. Earne oars op it terrein binne resten fan Romeinsk diggelguod fûn, wêrút blykte dat it terrein seker sûnt twatûzen jier bewenne west hat. De fynsten besteane nammentlik út potdiggels, in soad út de 17e en 18e ieuiuw. Der binne ek in oantal metalen foarwerpen oantroffen, wêrûnder in koperen tsjettel út de [[Lette MidsieuwenMidsiuwen]] of de [[Nije Tiid]]. Fierders binne der in pear learen skuon, inkele stikken glês, wat bonkemateriaal en bouwmateriaal fûn.