Martinytsjerke (Snits): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
→‎Portalen: Ik haw de fierde tagong tafoegd.
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
== Skiednis ==
=== Gebou ===
De Martinytsjerke is boud yn de [[11e ieuiuw]] en is boud fan [[dowestien]]. Nei alle gedachten hat yn de 11e ieuiuw de âldste, houten tsjerke op dat stee boud west. Ein 13e ieuiuw, doe Snits in stêd en in selsstannich dekanaat wurden wie, en it grutste part fan de gebouwen troch in stêdbrân ferwoastge waard, waard op dat stee in stienen tsjerke boud mei twa tuorren. Der waard ek in houten klokketoer út [[1489]], mei liedklokken út [[1466]] en [[1543]] byboud.
 
De hjoeddeiske tsjerke is út [[1498]], dan wurde it koar en it skip fernijd yn de goatyske styl. De sakristy oan de súdkant is út de [[16e ieuiuw]] en wurdt no as konsistoarjekeamer brûkt. Yn [[1681]] stoart it Romaanske westfront yn elkoar en dêrtroch ek de middelste fan de trije tuorren; de oare beide tuorren wurde ôfbrutsen. De tsjerke is slim beskeadige en wurdt werboud, mar de tuorren net. Yn de 18e ieuiuw waard doe lykwols de dakruter ferfongen troch in koepel, dat yn [[1925]] moasten de pylders fan de tsjerke restaurearre wurde om't it tek it gewicht net drage koe.
Ek wurdt elektrisiteit oanlein. Ek yn de 70-er en 80-er jierren wurdt de tsjerke yngreven restaurearre.
De tsjerke leit op in terp yn it sintrum fan Snits; it is in trijeboekige basilyk, dêr't de âldere fûneminten yn it plaveisel fan it Alde Tsjerkhôfyn oanjûn binne. De tsjerke is simmerdeis op wykdagen middeis te besichtigjen en soms ek jûns.
 
=== Ynterieur ===
Troch de [[Reformaasje]] giet de tsjerke yn [[1580]] oer yn protestantske hannen. It ynterieur wurdt fersobere, alters en bylden ferdwine, it oargel mei net mear brûkt wurde. Yn de 17e ieuiuw wurdt de tsjerke wer wat oanklaaid mei skilderstikken en tekstboerden.
Yn [[1795]] is de [[Bataafse Revolúsje]], it giet om "Frijheid, gelykheid en bruorskip". De brânskildere ramen wurde ferfongen troch helder glês, de 'eptige' rouboerden en famyljewapens op de banken wurde weihelle.