Sanskryt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Sanskrit.png|thumb|right|300px|It wurd Sanskryt yn it Devanagary-alfabet]] '''Sanskryt''', ek '''Ald-Yndysk''' neamd, is in [[Yndo-Jeropeeske talen|Yndo-Jeropeeske taal]] en heart by de [[Arys]]ke of [[Yndo-Iraansk]]e taalgroep. It wie de klassike taal dy't eartiids sprutsen waard troch de [[Yndo-Ariers|Yndo-Aryske]] bewenners fan it Pre-Yndyske [[skiereilân]] en [[Pakistan]]. It Sanskryt wie foar 1200 f. Kr oant en mei hjoed de dei yn gebrûk as literêre taal, mar is lykwols sûnt 500 f. Kr. net langer mear de taal dy't troch it gewoane folk sprutsen wurdt.
 
De stavering fan it Sanskryt is wiidweidich beskreaun troch de Yndyske gelearde Paniny dy't nei alle gedachten tusken de [[7e ieuiuw f. Kr.|7e]] en de [[3e ieuiuw f. Kr.]] libbe hat en waans wurk foaral in foarskriuwende funksje krige doe't it Sankryt stadichoan ophâlde as sprektaal en hieltyd mear de taal fan de gelearden waard.
 
Tanksy Paniny kin de taal tsjintwurdich noch hieltyd bestudearre wurde. Syn krekte beskriuwings stelle taalkundigen ek yn steat mei help fan Ald-Grykske en Litauske ferbûgings- en aksintpatroanen, in krekte yndruk te krijen fan de syntaksis en lûden fan de Proto-Yndo-Jeropeeske taal, dêr't wittenskippers fan tinke dat dy de oarsprong is fan alle eardere en tsjintwurdige [[Yndo-Jeropeeske talen]].