Sistersjinzers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata) - The interwiki doesn't exist
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 9:
Ien fan de dochterkleasters fan Cîteaux wie [[Abdij fan Clairvaux|Clairvaux]], dêr't yn [[1115]] in jonge Boergondyske ealman, Bernardus fan Fontaines, dy't trije jier dêrfoar mei in groep jonge famyljeleden yntreden wie, ta [[abt (abdij)|abt]] keazen waard. As [[Bernard fan Clairvaux]] waard hy in foaroansteand geastlike. De sistersjinzers wurde dan ek wol ''bernardinen'' neamd, en de sistersjinzerinnen ''bernardinessen''.
 
By de dea fan Bernard fan Clairvaux yn [[1153]] telde de oarder al mear as 300 kleasters, meastentiids yn ûnherberchsume streken, dêr't men libbe ûnder grutte ûntbearings. Dy geweldige ekspânsje sluet ek in begjin fan ferfal yn him en nei 1300 kaam in drege tiid. De froulju namen lykwols de fakkel oer en de 13e ieuiuw wwaard de Gouden IeuIuw fan de monialen (= froulike oarderleden).
 
De sistersjinzerinne-abdij fan [[Abdij fan Herkenrode|Herkenrode]] wie de earste en mei de tiid de grutste foar froulike sistersjinzers. Wylst yn harren kleasters it ynderlik libben en de mystyk bloeiden, kamen de manljusabdijen ta rykdom, benammen besteande út grûneigendom troch lânûntginning. [[Muonts]]en fan de [[Abdij Us Leaffrou Ten Duinen]] yn [[Koksijde]] en de [[Abdij fan Boudelo]] yn [[Klein-Sinaai]] hawwe bygelyks grutte dielen fan it ''Lân fan Hulst'' yn [[SieuskSiuwsk-Flaanderen]] ynpoldere. Yn [[Rotselaar]] stie de abdij [[Vrouwenpark]], dêr't ûnder oare de [[Béatrys]]leginde him ôfspilet.
 
Oan de ein fan de [[12e ieuiuw]] waarden de earste sistersjinzerkleasters yn Nederlân stifte. Troch de oarder waard yn Fryslân yn [[1165]] fan [[Clairvaux]] en de [[Abdij fan Riddagshausen]] út as earste it [[Kleaster Klaarkamp]] by [[Rinsumageast]] stifte.
 
De prealsucht naam, doe't de ekonomy yn West-Europa opbloeide, hieltiten gruttere foarmen oan (sjoch ek [[Habyt fan sistersjinzerinnen]]). Omdat Jezus, neffens [[Evangeelje nei Matteüs|Matteüs]] 10:9, oer frijwillige earmoede fan syn apostels sprutsen hie, ûntstie tsjin dizze tastân protest dat liede ta de stifting fan herfoarmingsbewegingen binnen de oarder. Dizze rjochten har ûnder oare tsjin it ferskynsel, dat ynstee fan keazen abten saneamde 'commendataire abten' oan it haad fan it kleaster kamen. Sokke abten wienen persoanen dy't de abdij kocht hienen en dy't men eins nea seach yn it kleaster. Dat late ta geastlik ferfal, bygelyks omdat troch de ôfwêzigens fan in abt de regeltucht in soad te winskjen oerliet.