Homêros: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 1:
homeros@exel e banastexc astvacna haytni e ir iliakan ev odisakan cartaraporutyab na cnvel e m.t. 188798------------------------------------------------
{{Ynfoboks skriuwer
| ôfbylding = Homer British Museum.jpg
| ôfbyldingstekst = Ofbylding fan Homêros út de [[Romeinske Tiid]]<br>([[Britsk Museum]], [[Londen]]).
| ôfbyldingsbreedte = 200px
| oar pseudonym =
| echte namme = Hómēros (Ὅμηρος)
| nasjonaliteit = [[Smyrna|Smyrneesk]]
| berne = ±800 f.Kr.
| berteplak = [[Smyrna]] ([[Ioanje]]) (?)
| stoarn = ±750 ieu f.Kr.
| stjerplak = [[Ios (eilân)|Ios]] (de [[Sykladen]]) (?)
| etnisiteit = [[File:Flag of Greece.svg|20px]] [[Griken|Gryksk]]
| taal = [[Aldgryksk]]
| sjenre = [[poëzij]]
| perioade = [[Aldheid|Iere Aldheid]]
| streaming =
| tema's =
| bekendste wurk(en) = de ''[[Ilias]]'' <br>de ''[[Odyssee]]''
| útjouwer =
| prizen =
| jierren aktyf = ±800 – ±750 ieu f.Kr.
| webside = ''n.f.t.''
}}
'''Homêros''' (oare farianten binne '''Homearus''' en '''Homearos''') wie in [[Grikelân|Grykske]] [[dichter]] en [[sjonger]] dy't libbe fan om-ende-by 800 f.Kr. oant 750 f.Kr. Hy makke [[epyk|epyske gedichten]], dêr't hy in grut tal oerlevere [[epos|heldesêgen]], goadeferhalen en [[myte|mytyske fertellingen]] yn ferwurke út de Grykske kultuer. Fanâldst wurde twa epyske gedichten, de ''[[Ilias]]'' en de ''[[Odyssee]]'', de âldst bekende en bewarre bleaune literêre wurken út de Grykske letterkunde, oan him taskreaun. Lykwols is dizze fêststelling net langer mear folslein wis en wurdt sels bestride oft beide wurken troch ien en deselde skriuwer makke binne.
 
== Libben ==
Oer de tiid fan Homêros en de omstannichheden dêr't hy yn libbe hawwe wy amperoan ynformaasje. De gelearden binne it net iens oer syn berteplak. Neffens guon is dat [[Smyrna]], oaren sizze it eilân [[Gios]]. Fierders wurdt der sein dat er blyn wie, omdat alle kearen as er in ferhaal fertelde hy syn eagen slute. Syn bynamme wie dan ek de bline bard.