Wibe Sjoerds fan Grovestins: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
foarm
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:skernewibe.jpg|thumb|300px|leftt|Skerne Wibe ferarbeide yn it opskrift op de T-shirten fan frijwilligers fan it Ingelumer doarpshûs.]]
'''Wibe Sjoerds fan Grovestins''' ([[Ingelum]]?, ? – Ingelum, [[1482]]), better bekend ûnder syn bynamme '''Skerne Wibe''', wie in [[Fryslân|Frysk]] [[haadling]] dy't de soan wie fan [[Sjoerd fan Grovestins]]. Syn bynamme hat er neffens oerlevering te tankjen oan it feit dat er him skeare liet om himsels fermomje te kinnen. Sa rûn er wol as muonts ferklaaid om efter de geheimen fan syn fijannen te kommen. In modernere teory is dat er ien fan 'e lêste Fryske eallju wie dy't oan 'e ferâldere moade fêsthold om it [[hier (begroeiïng)|hier]] oan 'e sydkanten fan 'e [[holle]] op te skearen.