Animisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ plaatsjes
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 38:
De tsjintwurdich sûnder útsûndering kristlike [[Cookeilanners]], út ’e [[Stille Súdsee]], hawwe troch de warberens fan ’e misjonarissen frijwol neat oerholden fan harren foarâlderlike godstsjinst, útsein it leauwen dat de geasten fan ’e deaden deselde wrâld bewenje as de libbenen. Krekt deselde sitewaasje bestiet yn ’e Stille-Súdseesteat [[Belaû]], dêr’t de minsken hjoed de dei foar it grutste part kristlik binne, mar dêrnjonken ek it leauwen yn natoergeasten en lokale doarpsgoaden beholden hawwe.
 
Sels by de [[Atjeeërs]] fan noardlik [[Sumatra]], dy’t bekendsteane om harren strang islamityske tradysje, hat it leauwen yn beam-, saad-, rots- en stiengeasten de ieuweniuwen oerlibbe, sadat dat ek no noch in part fan it deistich libben útmakket. Ek wurdt der noch leaud yn kweageasten, dêr’t fan sein wurdt dat se benammen yn ’e skimering tige aktyf en gefaarlik binne.
 
Itselde jildt ek foar it offisjeel islamityske [[Java]]. Want hoewol’t de grutte mearderheid fan ’e [[Javanen]] - yn alle gefallen nei bûten ta - de Islam oanhinget, bestiet ek noch hieltiid de preïslamityske Javaanske religy, de ''Agama Jawa'', dy't in in gearmjoksel is fan animisme, [[foarâldenferearing yn natoerreligys|foarâldenferearing]], [[fetisjisme]], [[sjamanisme]], Hindoeïsme en Boedisme mei islamityske ynfloeden. De Agama Jawa omfettet it leauwen yn geasten, godheden en magy en it útfieren fan in grut ferskaat oan rituëlen. Hoewol’t de opmars fan ’e Islam derfoar soarge hat dat sokke leauwensoertsjûgings faak bespot wurde en dat guon eleminten fan ’e Javaanske religy ferdwûn binne, hâlde in protte Javanen der noch oan fêst, benammen yn [[East-Java]] en op it plattelân.