Deaderituëlen yn natoerreligys: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 15:
Salang’t de deade yn ’e hûs is, siedt men iten foar him of har, en as hy of sy fan adel is, bliuwt der de klok rûn altiten immen yn itselde fertrek. De geasten fan ’e deaden kinne allinne nei it ''Puya'', it hjirneimels, gean, as de begraffenisriten op ’e krekte manear útfierd wurde. De status fan in geast bliuwt yn it hjirneimels itselde as yn ’e wrâld fan ’e libbenen; sels de geasten fan ’e bisten folgje harren master nei it ''Puya'' - dêrfandinne de biste-offers by begraffenissen. Hoe heger de status fan ’e ferstoarne, hoe mear bisten at der offere wurde moatte. Dat binne fral bargen en buffels, mar buffels hawwe in folle gruttere wearde. Foar in gewoane man wurdt ien buffel offere en dat oantal kin, korrespondearjend mei syn status, oprinne nei 4, 8, 12 of 24. As it om in foarst giet, is it gjin útsûndering dat der 100 buffels offere wurde. It mei dúdlik wêze dat sokke begraffenisriten, dêr’t dan it jaan fan ’e oare grêfjeften en it fersoargjen fan alle gasten, mei oantallen dy’t yn ’e hûnderten rinne kinne, noch bykomt, faak op in ekonomyske ramp útrinne foar in doarp.
 
Om’t de rike grêfjeften oansetten ta grêfrôverij, binne de Toraja derta oergongen om harren deaden yn natuerlike of úthoude grotten te ferbergjen. Foar de rikere Toraja binne ''tau-tau'', út hout snijde ôfbyldings fan ’e ferstoarnen, ûnmisber by de begraffenis, hoewol’t se withoedjoer wêze kinne. Oarspronklik joegen de ''tau-tau'' allinne de sekse fan ’e ferstoarne oan, mar tsjintwurdich wurdt der ek besocht om in beskate lichaamlike likenis te krijen. De ''tau-tau''-tradysje is nei alle gedachten noch net sa âld; men giet der ornaris fan út dat it in njoggentjinde-ieuskeiuwske ynnovaasje is.
 
== Fuortsetting fan deaderituëlen troch de jierren ==