Edzard de Grutte fan Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Edzard de Grutte fan East-Fryslân to Edzard de Grutte fan Eastfryslân: oanpast
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 39:
 
Yn 1514 setten 24 hartoggen en greven fan it Hillige Roomske Ryk mei in grut leger nei Fryslân. De strideraasjes dy't yn it tiidrek 1514-1517 folgen, binne ûnderdiel fan it Saksyske Skeel. Earst besykje se mei sa'n 20.000 man de [[Fêsting Leerort]] by de stêd [[Lier (stêd)|Lier]] te feroverjen. Troch ien kannonskot waard de oanfierder fan dat leger deade en lutsen har dêrtroch werom út de striid. Dêrnei folgen yn 1514 allinnich mar ferliezen foar Edzard. Yn dat jier wurdt Auwerk oanfallen, troch striid en brânstifting stiet hast gjin bouwurk mear oerein. De measte ferdigeningswurken en boargen yn Eastfryslân wurde troch it leger fan it Hillige Roomske Ryk oermastere. De [[Slach by Appingedam|fal fan Appingedam]], dêr’t hûnderten boargers by fermoarde waarden, betsjutte de ein fan syn hearskippij oer de Ommelannen.
[[Ofbyld:Count of ost friesland copy.jpg|thumb|Skildering fan Edzard de Grutte út de 18e ieuiuw.]]
Yn 1515 slacht Edzard de Grutte tebek en feroveret Eastfryslân foar in grut part werom. [[George fan Saksen]] ferlear dêrtroch syn macht yn de Fryske lannen en ferkeapet syn oanspraken op Grinslân en Fryslân oan keizer Karel V. Dêrmei einige de [[Saksentiid]] yn Westerlauwersk Fryslân en de Grinzer Ommelannen. It Saksyske Skeel kaam yn desimber 1517 mei in fredesferklearring ta in ein.
 
Rigel 48:
Edzard krige út it houlik, dat yn 1498 sletten wie mei Elisabeth von Rietberg, sân bern, wêrfan fjouwer dochters en trije soannen. Omdat it geastlike fermogen fan syn âldste soan net tarikkend wie om syn hearskappij oer te nimmen, fierde Edzard yn 1527 de Primogenituer (erfopfolging foar it earste bern) yn it Hûs [[Sirksena]] yn.
 
Edzard stoar op [[14 febrewaris]] [[1528]] yn [[Emden]] en leit yn [[Kleaster Marienthal (Norden)|Kleaster Marienthal]] yn [[Norden]]. Yn de lette 16e ieuiuw, in tiid dy't foar Eastfryslân net sa bêst wie, waard Edzard I yn de neitins fan de befolking ferhearlike as 'Edzard de Grutte'.
 
== Keppeling om utens ==