Fokko Ukena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 12:
== De Fryske frijheid en de rol fan Ukena ==
[[Ofbyld:Friesische Seelande um 1300.png|thumb|De Fryske lannen tusken Fly en Wezer om it jier 1300 hinne.]]
Yn it noarden fan it tsjintwurdige Nederlân, rûchwei de hjoeddeiske provinsjes Grinslân en Fryslân, bestie yn de [[13e ieuiuw]] feitlik gjin lânhearlik gesach. Dat gou ek foar it oanswettende East-Fryslân. Dat ûntbrekken fan in heger, sintraal gesach wurdt oantsjutten as it tiidrek fan de [[Fryske Frijheid]]. Yn de rin fan de [[15e ieuiuw]] waard dy frijheid fan ferskillende frjemde machten bedrige.
 
Yn it doetiidske East-Fryslân besocht it geslacht [[tom Broke]] in lânseigen dynasty te festigjen en yn wat tsjintwurdich de Nederlânske provinsje Fryslân is besochten de greven fan [[Hollân]] harren ynfloed út te wreidzjen. Ek de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] woe syn macht hieltyd fierder útwreidzje. Dêrneist wie der ek noch yn ynterne striid tusken de [[Skieringers en Fetkeapers]].