Gysbert Japiks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 9:
Gysbert Japiks kaam út de foarname Boalserter boargerij as soan fan Jacob Gysberts. Syn heit wie kistemakker, diaken en letter boargemaster fan de stêd. Doe't tusken 1614 en 1616 it ferneamde [[stedhûs fan Boalsert]] boud waard, wie Jacob Gysberts de ûntwerper en útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal. Nei de legere skoalle folge de jonge Gysbert de [[Latynske skoalle]] en learde ta skoalmaster. As sadanich waard er yn 1625 te Wytmarsum beneamd, yn 1637 begûn er as skoalmaster yn syn berteplak Boalsert.<ref name="Biografy Gysbert Japiks">[http://www.sirkwy.nl/titel/91 Webside www.sirkwy.nl: biografy Gysbert Japiks]</ref> Japiks troud yn 1636 mei de Ljouwerter notarisdochter Sijke Salves Nicolai.
 
Yn 1640 ferskynde syn earste wurk, de ''Friesche Tjerne''. Yn de jierren nei de Friesche Tjerne gie er troch mei it skriuwen fan poëzij en proaza, leafdespoëzij, gelegenheidsdichten en ek in soad psalmberimings. Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk. De begjinsels dêrfan binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste ieuiuw noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.<ref>[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29/ Gysbert Japiks yn de Kanon fan de Fryske Skiednis]</ref>
 
Yn de jierren 1646 oant 1648 hold [[Franciscus Junius]] mei tuskenskoften by Gysbert ta, dy’t him it Frysk learde. Franciscus Junius wie in taalkundige dy't in wurdboek fan it Aldingelsk, Nederlânsk en Frysk meitsje woe. Syn oantekenings en in stikmannich autografen kamen sa úteinlik yn de ''[[Bodleian Library]]'' yn [[Oxford]] telâne. Sa krige Gysbert Japix ynternasjonale belangstelling foar syn wurk en it Frysk. Japiks krige ek kunde oan de Fryske skiedskriuwer [[Simon Abbes Gabbema|Symen Abbes Gabbema]], dy't it wurk fan Japiks postúm ferskine liet yn de Fryske Rymlerye. Fan it tiidrek 1654-1661 binne ferskate brieven tusken Japiks en Gabbema bewarre bleaun.
Rigel 26:
*"hymmelsch harp-luwd" (Himelsk harplûd)
 
De ferdieling fan syn boek beslacht in lyrysk, didaktysk en religieus part. Dat is in ferdieling sa't dy yn de 17e ieuiuw wol faker makke waard.
 
Gysbert Japiks wie ek foarsjonger yn de [[Martinytsjerke (Boalsert)|Martinytsjerke]] fan Boalsert. Yn it lêste part fan de Friesche Rymlerye binne de mear as fyftich Fryske psalmeberimings fan Gysbert Japix gearbrocht, dêr 't de Boalserter dichter paadsljochtsjend wurk mei dien hat foar it brûken fan it Frysk as tsjerketaal.
Rigel 62:
Gysbert Japiks hat yn de Fryske literatuer gâns betsjutting krigen omdat er op in heech nivo dichtwurken makke, yn in tiid dat it Frysk net folle skreaun waard. Gysbert Japiks moat al by syn libben nasjonale en ynternasjonale bekendheid hân hawwe. Gysbert Japiks waard opnommen yn de [[Kanon fan de Fryske skiednis]] en sûnt 1947 wurdt troch Deputearre Steaten fan Fryslân de [[Gysbert Japicxpriis]] takend.
 
Mei troch [[Everwinus Wassenbergh]] fan de Frjentsjerter universiteit kaam der om 1800 hinne mear omtinken foar it wurk fan Japiks. It Gysbert Japiksfeest dat yn 1823 yn Boalsert holden waard kin sjoen wurde as it begjin fan de [[Romantyk]] yn de Fryske literatuerskiednis.<ref>[http://members.home.nl/ja.goris/fries.htm ''Neerlands Tweede Rijkstaal: het Fries] fan Drs. José Goris</ref> Nei twa wurken oer Gysbert Japiks dy't troch [[Joast Hiddes Halbertsma]] skreaun waarden yn de tweintiger jierren fan de 19e ieuiuw groeid sawol de taalkundige as literêre ynteresse. Yn de 20e ieuiuw waard it wurk fan Gysbert Japiks foar fiif ferskillende (taalkundige) proefskriften brûkt.<ref>Webside [[Tresoar]]: [http://www.tresoar.nl/mmtresoar/main/content_pagina_volledig_teaser_rechts.jsp?lang=fr&pagina=7778 De proefskriften/dissertaasjes binne ôfkoarte as diss.]</ref>
 
It jier 2003, fjouwerhûndert jier nei de bertedei fan Gysbert Japiks, waard troch de provinsje útroppen ta Gysbert Japiksjier. Yn it jier 2003 is syn wurk op 'e nij útjûn. Dizze kear oerset yn it hjoeddeistich Frysk en it Nederlânsk. De titel wie ''"Gysbert Japix, een keuze uit zijn werk"''. Yn it ramt fan it Gysbert Japiksjier ferskynde ek de ''Gysbert Japiks trilogy''. De trilogy is in bondeling fan trije romans oer Gysbert Japiks, dy't skriuwer [[Pieter Terpstra]] by syn libben skreaun hat.