Kwaden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 29 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q308885
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
De '''Kwaden''' (of Latyn ''Quadi'') wie in nomadyske [[Germanen|Germaanske]] stam dy't yn de earste ieuweniuwen nei Kristus rôverstochten holden troch it tsjintwurdige Súd-[[Dútslân]], West-[[Tsjechje]] en [[Eastenryk]]. Sy wienen in part fan it gruttere losse stamferbân fan de [[Sueben]], dêr't ek de [[Markomannen]] ta hearden. Tegearre lutsen sy in ferwoastend spoar troch de [[Balkan (skiereilân)|Balkan]].
 
Om [[150]] hinne slagget de [[Romeinske ryk|Romeinske]] keizer [[Antoninus Pius]] dêryn de Kwaden oan him te binen troch in kening oer harren te beneamen dy't loyaal wie oan Rome. Lykwols soe dy loyaliteit net lang duorje. Yn [[166]] foel in alliânsje fan Kwaden, Markomannen en [[Sarmaten]] it Romeinske Ryk yn. Dizze kriich - dy't bekend stiet as de [[Markomannenoarloch]] - wie in tige serieuze bedriging foar Rome sadat keizer [[Markus Aurelius]] him nei it front ta sette om de legers oan te fieren.
 
De neikommende ieuweniuwen bleaune de Kwaden in oanhâldende boarne fan argewaasje foar de Romeinen en lutsen sy wol gauris de grinzen oer. Yn de rin fan [[4e ieuiuw]] wienen der faak gefjochten tusken de Romeinske legers en in ferbûn fan Kwaden, Sarmaten en [[Goaten]]. Yn [[375]] koe keizer [[Falentinianus I]] harren lykwols foar fêst ferslaan. In grut part fan de Kwaden gong doe op yn it folk fan de [[Fandalen]] en soe letter mei ferfarre nei [[Galysje (Spanje)|Galysje]] op it Iberyske skiereilân. It oare part fan de Kwaden gong op yn it folk fan de [[Langobarden]]. Hjirmei kaam in ein oan de politike, militêre en kulturele ienheid fan de Kwaden.
 
{{Germaanske folken}}