Minnistedútsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 18:
It '''Minnistedútsk''' is in taal dy't heart ta de [[Súdwestgermaanske talen|Súdwestgermaanske kloft]] fan 'e [[Westgermaanske talen]].
 
It is ûntstien út 'e eastlike dialektgroep fan it [[Nederdútsk]]. Guon taalkundigen sjogge it dêrom noch altyd as in subdialekt fan it [[Eastnederdútsk]]e [[Nederprusysk]]. De measten beskôgje it tsjintwurdich lykwols as in ôfsûnderlike [[Nedersaksyske talen|Nedersaksyske taal]], mei't it foar sprekkers fan it [[Nederdútsk]] (yn noardlik [[Dútslân]]) en it [[Nedersaksysk]] (yn noardeastlik [[Nederlân]]) troch syn ieuwenlangeiuwenlange ôfsûnderlike ûntwikkeling net mear fersteanber is.
 
In grut part fan 'e lju yn 'e minnistyske mienskippen dêr't it Minnistedútsk ûntstie, wie ôfkomstich út [[Fryslân]] en oare parten fan 'e [[Nederlannen]]. Yn 'e wurdskat fan it Minnistedútsk binne noch altyd ynfloeden fan it [[Nederlânsk]] en it [[Frysk]] werkenber.
Rigel 82:
 
== Skiednis ==
It Minnistedútsk is ûntstien út it [[Nederdútsk]] dat sprutsen waard yn 'e minnistyske mienskippen dy't harren fan 'e sechstjinde ieuiuw ôf oan 'e rivier de [[Weichsel]] yn it hjoeddeiske [[Poalen]] fêstigen. Dy [[minnisten]] wienen religieuze flechtlingen, dy't yn 'e [[Nederlannen]] en it [[Dútske Ryk]] ferfolge waarden om't se oanhingers wienen fan 'e ferneamde [[Fryslân|Fryske]] tsjerkeherfoarmer [[Minne Simens]].
 
Fan [[1787]] ôf, doe't harren wengebiet yn 'e hannen kaam fan it keninkryk [[Prusen]], teagen se fierder nei it easten ta en fêstigen se koloanjes oan 'e kust fan 'e [[Swarte See]], yn wat tsjintwurdich de [[Oekraïne]] is, yn in gebiet dat ûntfolke wie trochdat [[Ruslân]] it doe krekt ferovere hie op 'e [[Turken]]. Fan [[1874]] ôf, doe't se ek yn [[Ruslân]] ferfolge waarden foar harren leauwe, emigrearren withoefolle fan harren nei [[Kanada]], de [[Feriene Steaten]] en lannen yn [[Súd-Amearika]].