Natoerreligys: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
→Literatuer: kt |
No edit summary |
||
Rigel 21:
De reäksje op ’e ynfloeden fan oare godstsjinsten kin noch folle fierder gean as allinne in namme oan in natoerreligy te jaan. Sa hawwe de [[Adi]], [[Mishmi]], [[Apatani]], [[Tangsa]] en guon lytsere folken, út ’e [[Yndia|Yndiaaske]] [[Himalaja]]-steat [[Arunachal Pradesh]], harren natoergodstsjinsten byinoar brocht ûnder de namme [[Donyi Polo]], om in fûst meitsje te kinnen tsjin it opkringende Kristendom. ''Donyi'' is Adi foar “sinne” en ''Polo'' foar “moanne”; de sinnegoadinne en de moannegod binne nammentlik de heechste godheden fan ’e oangeande natoerfolken. De stêd [[Pasighat]] is it sintrum fan dizze nije, âlde godstsjinst, dy’t troch it oernimmen fan ’e metoaden fan ’e organisearre religys, lykas rituëlen op sette tiden (sneontemoarns) yn in dêrfoar bedoeld gebou, de ''dere'', en it op skrift stellen fan syn myten, lieten en learstellings, besiket te oerlibjen yn ’e moderne wrâld.
Dat oerlibjen wurdt hjoed de dei, no’t der ek foar natoerfolken frijwol gjin manear mear is om har fan ’e rest fan de wrâld ôf te sûnderjen, hieltyd dreger. Al
== Fersprieding en oanhing ==
|