Nigearia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: omstav./Taalweb: gjin 'yn'
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 47:
Yn [[1964]] waard der parlemintêre ferkiezings holden, dy't de [[Nigerian National Alliance]] (NNA), in gearfoeging fan de NPC en in part fan de AG, wûn hie. Der wie om dizze ferkiezings hinne in soad yntimidaasje en omkeaping. De dielsteatferkiezings yn 1965 rûn ta in bloedbad út: De Igbo's wienen bûten it spul set en der stoaren tûzenen minsken. Op [[14 jannewaris]] [[1966]] besochten de militêren de macht oer te nimmen, benammen offisieren fan it Igbo folk. De lieder fan dy aksje wie in Igbo-generaal: [[Aguiyi Ironsi]]. De premier fan doe [[Aguiyi Ironsi]] waard fermoarde. Dat wie de ein fan de federaasje en der kaam in anty-korrupsjekampanje fan de Inronsy. Mar ek dat regear wie net populêr, omdat it grutste part fan it Igbo folk kaam. Dêrfoaroer besochten de Hausa stammen op [[29 july]] [[1966]] de macht oer te nimmen. De lieder fan dy aksje wie de lutenant-kolonel [[Yakubu Gowon]]. Ironsi waard fermoarde en de Igbo's flechten út hiel Nigearia wei nei it súdeasten fan Nigearia. Op [[30 maaie]] [[1967]] rop de rebellenlieder [[Chukwuemeka Ojukwu]] East-Nigearia as de republyk [[Biafra]] út. Dêrnei wie der in kriich oant jannewaris [[1970]]. Ien fan de wichtichste oarsaken fan dy kriich wie de fynst fan oalje yn Biafra. By de roes stoaren der in heal miljoen minsken, mar dat nûmer is ûnwis, guon't sizze dat der 2 miljoen stoaren.
 
Troch de oalje heechkonjuktuer yn de sântiger jierren fan de 20e ieuiuw, slute Nigearia him oan by de [[OPEC]] en miljarden [[dollar]]s fan de oalje produskje gie nei de Nigeariaanske skatkist. Mar troch hieltyd mear korrupsje yn it regear waard it jild wei. De opbringsten fan de oalje gie nei federale subsydzjes, en dêrtroch wie it regear it sintrum fan politike striid.
 
== Demografy ==