== Oarsprong en útwreidzjen ==
It ferskil tusken de Republyk en it Ryk wie benammen fan politike aard. De Romeinske steat is ûntstien út de ''[[polis]]'' fan [[Rome (stêd)|Rome]] yn it gea fan [[Latium]] yn [[Itaalje]], neffens de leginde stifte yn [[753 f. Kr.]] troch [[Romulus en Remus]].
Yn de, neffens de Romeinske oerlevering twahûndertfyftich jier duorjende (753 - 509 f. Kr.) keningstiid, binne der nei Romulus noch seis (gruttendiels legindaryske) keningen west. Yn 509 f. Kr. waard kening [[Tarquinius Superbus]] de stêd útjage. Hy hie troch syn tirannike gedrach in grutte haat oer him ôfroppen. Hjirnei waard de stêd in republyk mei in bjusterbaarlike kriichsmasine (it [[Romeinske leger]]) en in goed rinnend systeem fan ynstellings en wetten. Binnen in pear ieuweniuwen waard Itaalje feriene ûnder Romeinske lieding. Dat barde troch bûnsgenoatskippen oan te gean mei buorfolken mar ek troch agressive ekspânsje-oarloggen. Ut Itaalje wei oermastere [[Rome (stêd)|Rome]] it hiele [[Middellânske See]] gebiet. Earst wie [[Kartago]] oan bar, dêrnei waarden de [[hellenisme|hellenistyske]] steaten yn it easten en súdeasten fan de see ûnderwurpen. Op itselde stuit kaam ek West-Jeropa ûnder Romeinsk gesach. It ryk waard dêrtroch sa grut dat de
republikeinske struktueren net mear tarikkend wienen.
Yn dat mânske ryk waard in protte talen sprutsen, mar twa talen wiene fan algemien belang: it [[Latyn]] yn it westen en it [[Gryksk]] yn het Hellenistyske easten. De bestjoerders en de yntellektuele elite sprutsen beide talen as ''[[lingua franca]]''.
De Romeinen koenen dat grutte gebiet behearskje troch in "[[ferdiel en hearsk]]" polityk. Guon boargers dy't loyaal meiwurken krigen it fûl begearde [[Romeinsk boargerrjocht]]. Opmerklik yn dat ferbân is de wize wêrop't de Romeinen mei harren kultuer en godstsjinst omgongen: de Romeinen namen "nije" goaden fan ynlive folken maklik op yn harren "[[Panteon|Pantheon]]" en salang't de keizer (Rome) mar erkend wurde (en de dêrby hearrende plichten neikommen waarden) koe fierder elkenien neffens de eigen kultuer en godstsjinst libje neist oaren. Bûten in superieur leger wie dat in grûnslach foar de "[[Pax Romana]]" dy't ieuwenlangiuwenlang in wisse rêst brocht en de hannel en wittenskip befoardere.
== Opdieling fan it ryk ==
== De ein fan fan it West-Romeinske Ryk ==
Yn de earste ieuweniuwen waarden der al folken opnommen yn it ryk mei de status fan [[foederaty]]. Fan de [[4e ieuiuw]] ôf barde dat hieltyd faker. Benammen in protte Germaanske folken krigen tastimming harren te festigjen yn it Romeinske ryk. As [[foederaty]] krigen sy beskerming yn ruil foar militêre tsjinstferliening. Sy leveren helptroepen foar de legioenen en koenen opgong meitsje yn it leger. In protte bekende Germaanske oanfierders dy’t letter yn opstân kamen tsjin Rome, lykas [[Arminius]], [[Julius Civilis]] en [[Alarik I|Alarik]] – begûn harren karriêre yn it Romeinske leger. De foederaty wienen ek net altyd betrouber, benammen de opstân fan de Fisigoaten yn [[395]] soarge foar yn protte oerlêst yn it ryk.
Troch opstannen en reboelje yn de [[5e ieuiuw]] sette de Romeinske hearskippij harren fierder del en waarden de foederaty yn it westlik ryk hieltyd ûnôfhinkliker. Sy kamen wol gauris yn opstân en likernôch [[455]] ûntstie der yn sitewaasje dat it sintraal gesach gjin belestingsinten mear binnen krige. De lokale Romeinske autoriteiten waarden oan de kant skood en foederaty as de Fisigoaten en de Boergonden namen de leie sels yn hannen, hja stiften eigen keninkriken.
Yn it leger wie in parallelle ûntwikkeling geande. Sûnt de twadde helte fan de 5e ieuiuw waard de militêre krêft fan it leger sawat alhiel basearre op foederaty ienheden. Yn [[451]] koe [[Attila]] de [[Hunnen|Hun]] allinnich ferslein wurde mei help fan de foederaty (Fisigoaten, Boergonden, Franken en Alanen). Op it lêst wie ien fan dizze foederaty, de Germaanske stam fan de [[Herulen]], ferantwurdlik foar de ein fan it West-Romeinske Ryk. Harren lêste keizer [[Romulus Augustulus]] waard yn [[476]] ôfset troch de oerbefelhawwer fan it leger, de Germaan [[Odoaker]].
== Sjoch ek ==
|