Donatisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 36 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q203204
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 1:
It '''donatisme''' wie in streaming yn it [[Kristendom]] út de tsjerkeskiednis. It ûntstean derfan leit yn [[Noard-Afrika]] yn de [[4e ieuiuw]], dêr't destiids in protte kristenen wennen dy't werom woenen nei in ienfâldiger en bibelske foarm fan gemeente-wêzen, en herfoarmen de tsjerke. De namme is ôflaat fan de earste biskop, [[Donatus Magnus]], dy't yn [[316]] ferkeazen waard ta biskop fan [[Kartago]].
 
De donatisten huldigen strange opfettings op teologysk mêd, wienen foarstanner fan it hanthavenjen fan de [[ekskommunikaasje|sensuer]] en fûnen dat ôffalligen fan it kristlike leauwen net wer opnomd wurde mochten yn de skurte fan de tsjerke. Dizze kwestje spile in soad ûnder de eardere kristenferfolgings doe't in protte kristenen it kristlike leauwen ferlitten hienen, dêr spyt fan krigen en wer opnomd wurde woene yn de kristlike mienskip. Neffens de Katoliken wienen sy stiifkoppen dy't fêsthâlden oan har eigen gelyk, en net ree om, nettsjinsteande besikingen ta fersûning te kommen, har wer oan te sluten by de memmetsjerke.
Rigel 7:
De donatisten ûnderskieden har fan de rest fan de tsjerke troch harren geastlike gesinte. Sy wienen foarstanner fan de skieding tusken tsjerke en steat. Nettsjinsteande dizze opfetting dienen sy lykwols hieltiten in berop op de [[keizer]]. Fierders waard neffens har it wêzen fan de tsjerke foarme troch it geastlike libben en troch [[sakraminten]], dêr't sy tsjinoer de rest fan de tsjerke mei stiene.
 
Nei de dea fan keizer [[Konstantyn de Grutte]] woekere de donatistenstriid noch mear as in ieuiuw fierder. Yn de rin fan [[5e ieuiuw]] krige de Katolike Tsjerke de stadichoan de Romeinske autoriteiten oan har side en waard it Dontatisme bestriden. Fral de lettere biskop fan Kartago [[Augustinus fan Hippo|Augustinus]] wie in fûle tsjinstanner. Under de [[Fandalen]] waarden alle beheinings tsjin de Donatisten wer opheft.