Moarre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Ferbinings: Gjin see, mar in dyk
Rigel 42:
 
== It kleaster ==
Oan de noardkant fan de tsjintwurdige Kleasterwei lei it kleaster Weerd of ''Templum Domnini'' (''de Tempel fan God'') op in terpke. Folle is der oer dit [[Norbertinen|nobertinessenkleaster]] net bekend. Guon ûndersykers binne fan betinken dat it kleaster al yn 1326 bestie, dat soe dan opmakke wurde kinne út de libbensbeskriuwingen fan guon abten fan [[Kleaster Mariëngaard]], mar earst yn [[1401]] is der sprake fan in 'kelner fan Weard'. It is net fan de abdij fan [[Dokkum]] út stifte, mar wie der wol ôfhinklik fan, want de abt fan Dokkum fersegele alle stikken foar Weerd.
 
Neffens de ''[[Staat van Aanbreng]]'' fan 1511, it register dêr't de grûnbelêsting út opmakke waard, hie it kleaster yn Moarre 834 pûnsmiet lân yn besit en docht bliken dat it in úthof efkes west fan [[Iezumasyl]] hie: Muontsehûs.
Rigel 48:
Yn [[1569]] hawwe de wettergeuzen it kleaster plondere en yn 'e brân stutsen. Dat wie de deastek foar it kleaster. Yn [[1580]] namen de Steaten it kleasterbesit oer. De lettere pleats dy't op it plak fan it kleaster kaam te stean, hie 187 pûnsmiet lân. Foar in pleats in protte, mar der is dus ek in protte lân yn oare hannen oergien.
 
Yn'e 18de iuw stie der neffens [[Jacob Stellingwerf]] noch in gebou mei [[Gotyk|goatyske]] merken, finsters tichtmitsele, op it terrein fan Weerd.
 
Op it stee fan it eardere kleaster sitte noch fûneminten yn de grûn. Om reden fan argeologyske wearde hat it perseel hat in beskerme status.<ref>[http://www.ruimtelijkeplannen.nl/documents/NL.IMRO.0058.BPBG2010P2-OH01/tb_NL.IMRO.0058.BPBG2010P2-OH01_bijlage1.pdf Rapport Morra, KLeasterwei 1 troch de Steekproef, argeologysk ûndersyksburo]</ref>
 
== Mienskip ==