Hendrik Bulthuis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
foto
AST (oerlis | bydragen)
Tafoege dat Ids Willemsma in byld meitsje sil en alinea oer it hurdsilen fuorthelle (stie al op in eigen side en heart hjir net by)
Rigel 1:
[[File:Hendrik Bulthuis.jpg|thumb|Byld fan Hendrik Bulthuis (Gosse Dam, 1986) by de Burgumer jachthaven.]]
'''Hendrik Bulthuis''' ([[Burgum]], [[19 augustus]] [[1892]] - [[31 desimber]] [[1948]]) wie in [[kapper]] en [[skearbaas]] yn Burgum dy't de [[BM'er]] ûntwurpen hat.
 
== Skiednis fan it hurdsilen==
De âldst beskreaune wedstryd yn Fryslân wie op [[5 augustus]] [[1754]] doe't Aarnt Hanses, hospes yn De Jonge Prins te [[Grou (plak)|Grou]] in wedstryd fersile liet: ''Fleugel met Baltje, mits de Jachten niet boven 22 voet lang zijn''. It wiene yn dy tiid lykas by it keatsen faak kastleins dy't de wedstriden organisearren. Meast tusken fear- en beurtskippen lykas folle letter it [[skûtsjesilen]]. De gewoane man kaam nea oan hurdsilen ta. Op [[4 septimber]] [[1777]] waard bygelyks hurdsyld by [[Aldskou]]. De Snitser keapman Mintsje Wouters wûn dy wedstryd dêr't ek de steedhâlderlike famylje by wie te sjen. De priis wie in sulveren skearhout dat no yn [[Frysk Museum]] te sjen is.
 
== BM'ers ==
[[Ofbyld:BM-er by Grou. Sa.1927.jpg|thumb|250px|''BM-er op de foargrûn by [[Grou (plak)|Grou]],±1927'']]
As in frjemd skip foar de wâl lei rûn PieterBulthuis út de saak wei om te sjen. Hy koe eins net goed ha dat de sylboaten fan doe, meast gewoane [[skou (fartúch)|skouwen]] de gruttere skippen net besile koe. Yn [[1928]] makke hy tekeningen en boude in boat dy't hy Burgumer Mar neamde, de BM'er. By it silen op de mar helle hy it midswurd omheech by de ûndjipten. It bliek dat de boat omraak sile woe. It brocht in revolúsje yn de jachtbou. De hûd fan in BM'er bestiet út lytse op inoar spikere latsjes. Se binne fêstmakke op mallen dy't sadwaande as spanten tsjinje, mar folle fierder útinoar stean. In soad minsken woene ek in BM'er. Foar Fl 100,- koe elk tekeningen, hout en in lape katoen keapje. Bulthuis hat syn rjochten nea fêstlein yn de foarm fan in oktroai. Der waard doe allinnich troch minsken mei jild syld en it wie Hendrik te dwaan om it silen foar de gewoane man te befoarderjen. Der kamen hieltyd mear BM'ers.
 
Yn [[1931]] makke hy noch in type BM'er mei in grutter túch, de sechtjin kwadraat.
Foar bern makke hy in sylkano en as oefenboat in syl- en roeijol, de [[Bulthuisjol]] mei in lingte fan 5 meter en 10m² túch. Yn 1942 boude Bulthuis foar famyljes in sylboat op basis fan de BM mei in kajútsje der op.
 
Yn de jachthaven fan Burgum stiet in brûnzen byld út [[1986]], makke troch keunstner [[Gosse Dam]]. It stelt in hurdsiler op in BM foar mei ien hân oan it roer. Fan it Wettersportbûn krige hy de Lukaspenning foar syn fertsjinsten foar de wettersport. Yn maart 2015 waard bekend dat it akwadukt ûnder it [[Prinses Margrytkanaal]] troch yn de [[Sintrale As]] by Burgum nei him ferneamd wurde sil. [[Ids Willemsma]] sil dêrby in keunstwurk meitsje, basearre op de troch Bulthuis ûntwurpen boaten.

Yn [[1943]] ferkocht Bulthuis de winkel en ferstoar fiif jier letter, 56 jier âld.
 
== Toaniel ==